Prinsetsjerke (Rotterdam)

De Prinsetsjerke oan 'e Botersloot wie in Nederlânsk-Herfoarme tsjerkegebou yn Rotterdam.

Prinsetsjerke
Lokaasje
provinsje Súd-Hollân
plak Rotterdam
adres Botersloot; hoeke Nieuwe Markt
koördinaten 51° 18' N 4° 29' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Nederlânsk Herfoarme Tsjerke
Arsjitektuer
sloopjier 1912
boustyl Gotyk
Kaart
Prinsetsjerke (Rotterdam-Sintrum)
Prinsetsjerke
 
Ynterieur

De halletsjerke wie oarspronklik in kapel fan it Agnitekleaster fan Rotterdam.

Nei de reformaasje waard in diel fan it kleaster brûkt as prinsehôf en wente fan de riedspensjonaris. De kleasterkapel waard yn dy tiid geskikt makke foar de grifformearde earetsjinst.

Yn 1639 en 1659 hawwe der útwreidings fan de tsjerke plakfûn, wêrmei 't in soad nije grêven yn 'e tsjerke beskikber kamen, dy't lykwols net allegear útjûn binne.

De tsjerke bleau yn gebrûk oant 1907, doe't de lêste tsjinst holden waard en de Keninginnetsjerke yn gebrûk nommen waard. Yn 1912 waard de Prinsekapel ôfbrutsen.

In tal grêfstiennen gie nei it Museum fan Aldheden, mar in grut diel dêrfan soe letter by de brân yn it depot oan de Bagijnenstraat troch it bombardemint fan 1940 ferlern gien wêze.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: