Yn de doedestiidske noch herfoarme tsjerke waard yn 1939 in twaddehâns oargel boud, dat yn 1844 makke wie troch de Rotterdamske oargelbouwers Kam & Van der Meulen foar de âld-katolike tsjerke yn Doardt. Allinne it ynstrumint waard oernommen, de lege oargelkas bleau efter yn Doardt. Yn de jierren 1980 kocht de âld-katolike tsjerke fan Doardt it binnenwurk werom, dêr't it oargel rekonstruëarre en restaurearre waard. De protestantske tsjerke fan Giterfean makket tsjintwurdich gebrûk fan in elektroanysk Johannus oargel, opus 340.[2]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
|
|