Provinsjaal Elektrisiteitsbedriuw

In provinsjaal elektrisiteitsbedriuw (PEB) wie yn Nederlân in bedriuw dat (foar in part) eigendom wie fan in provinsje en ferantwurdlik wie foar de elektrisiteitsopwekking, -transport en -levering yn gemeenten dy't gjin gemeentlik elektrisiteitsbedriuw hiene.

P.E.B.-pealtsje yn Stiens

De provinsjes Flevolân, Drinte en Súd-Hollân hawwe nea in (eigen) provinsjaal elektrisiteitsbedriuw hân.

De measte PEB's wiene namleaze fennoatskippen, dêr't de oandielen fan yn hannen wiene fan de provinsje (en de ynlizzende gemeenten). It PEB Fryslân en de PEN (Noard-Hollân) wiene yn de langste tiid fan harren bestean in tûke fan tsjinst fan de provinsje. It Elektriciteitsbedrijf voor Groningen en Drenthe (EGD) wie oant 1986 in iepenbier lichem op basis fan in mienskiplike regeling fan de provinsjes Grinslân en Drinte en de gemeenten dy't troch it EGD betsjinne waarden.