Provinsjaal monumint
In provinsjaal monumint is in bouwurk, argeologysk fynplak of lânskippelike struktuer dy't op grûn fan in provinsjale monuminteferoardening beskerme wurdt om reden fan bysûndere kultuerhistoaryske of arsjitektonyske wearde. Objekten mei in provinsjale monumintstatus binne faak fan regionaal belang; monuminten fan nasjonaal of ynternasjonaal belang, binne yn in nasjonaal register ynskreaun.
Objekten dy't fan nasjonaal belang binne, binne as ryksmonumint ynskreaun. Yn Nederlân kin in objekt ek as gemeentlik monumint oanmurken wurde; dy objekten binne dan fan pleatslik belang. Provinsjale monuminten komme allinne yn Drinte en Noard-Hollân foar, al hat de provinsje Limburch wol in provinsjaal belied op it mêd.