Psychopaty

(Trochferwiisd fan Psychopaten)

Psychopaty is in relatyf seldsume psychyske persoanlikheidssteuring, wêrby't de gewissefunksje, dy't him normaalwei yn 'e poppe- en pjuttefaze fan in minske ûntjout, efterbliuwt yn 'e ûntwikkeling of hielendal net ta stân komt. Dat gebrek uteret him yn oanhâldend asosjaal hâlden en dragen, in beheind of ûnbesteand ynlibbingsfermogen en berou, en dryste en egoïstyske eigenskippen sûnder remmings. Dizze steuring komt foar by heechút 1% fan 'e wrâldbefolking, mar dat binne wrâldwiid noch altyd 70 miljoen minsken. Mei machiavellisme en narsisme makket psychopaty diel út fan 'e saneamde 'Tsjustere Trijehoek' (Dark Triad).

Immen dy't oanhelle is mei psychopaty wurde in psychopaat neamd. Sokken steane benammen bekend om harren ferûntachtsuming fan 'e sosjale en morele noarmen, wêrby't se gauris relaasjes hawwe dy't karakterisearre wurde troch geweld, útrûpeling en/of ferlieding. Se kinne har net of mar kwealk yn 'e sitewaasje fan in oar ferpleatse en fiele har net skuldich oer de (troch oaren as ferkeard beskôge) dingen dy't se in oar oandogge. Ek reägearje se faak abnormaal op eangst en pine. Oare emoasjes wurde faak oerflakkiger field as troch minsken dy't net mei psychopaty oanhelle binne. It gebrek oan respekt dat psychopaten faak hawwe foar noarmen en wearden wurdt feroarsake troch dit minder fielen fan emoasjes.

Yn 'e media en de popkultuer is sûnt 1970 in protte publisearre oer psychopaty, sawol wat fiksje as non-fiksje oanbelanget. Dêrby giet it faak oer searjemoardners of ferkrêfters, itsij fiktiven, lykas Hannibal Lecter, itsij echten, lykas Jack the Ripper, Marc Dutroux en Joran van der Sloot. Dêrtroch is yn 'e bredere maatskippij it idee ûntstien dat psychopaty altyd krimineel of sels moardsuchtich hâlden en dragen feroarsaket, wylst dat yn wurklikheid mar tige seldsum is. De measte psychopaten libje harren libben 'gewoan' binnen de ôffredings fan 'e wet, mar hawwe der minder muoite mei om oare minsken min te behanneljen. Soks kin yn beskate omstannichheden sels in foardiel wêze; om in foarbyld te jaan: by grutte bedriuwen kin it foar de karriêre fan in liedingjaande posityf útwurkje as er der gjin problemen mei hat om minsken te ûntslaan.

Yn 1941 publisearre de Amerikaanske psychiater Hervey M. Cleckley it boek The Mask of Sanity, wêryn't er sechstjin kritearia joech foar de psychopatyske persoanlikheid. Dy publikaasje rekke letter efter de tiid doe't de gesachhawwende útjeften Diagnostic and Statistical Manual of Mental Disorders (DSM) en International Classification of Diseases (ICD) psychopaty ferfongen troch de asosjale persoanlikheidssteuring (ASPD), ek bekend as sosjopaty, en de dissosjale persoanlikheidssteuring (DPD). De term 'psychopaty' is dêrtroch ferdwûn út 'e hjoeddeistige klassifikaasjehânboeken fan 'e algemiene psychiatry. Yn 'e 1970-er jierren reyntrodusearre de foaroansteande Kanadeeske psycholooch Robert D. Hare lykwols it begryp 'psychopaty' yn 'e kriminology en de forinzyske psychiatry mei in nije rige kritearia, dy't er fêstlei yn 'e Hare Phychopathy Checklist. Dy wurdt yn 'e neamde fakmêden no noch brûkt foar it diagnostisearjen fan psychopaty.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.