Pylksturtpappegaaido

De pylksturtpappegaaido (Treron apicauda) is in fûgel fan it skaai pappegaaidowen (Treron) út de famylje dofûgels (Columbidae).

Pylksturtpappegaaido
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift do-eftigen (Columbiformes)
famylje dofûgels of dowen (Columbidae)
skaai pappegaaidowen (Treron)
soarte
Treron apicauda
Blyth, 1846
IUCN-status: net bedrige

Beskriuwing bewurkje seksje

 
Treron apicauda

De mantsjes binne 32 oant 36 sm lang, wylst it wyfke likernôch 28 sm mjit.

Pylksturtdowen binne foar it meast griengiele dowen mei karakteristike lange sintrale sturtfearren. Mansjes en wyfkes hawwe in griene mantel en limoengriene boppedielen. De sturt is blaugriis en de ûndersturtdekfearren binne kastanjebrún. It mantsje hat ek oranje op it boarst, dat ûntbrekt by it wyfke. De eachring is blau, lykas ek de snaffel, dy't útrint op in griene of giele punt. It wyfke hat oer it generaal doffere kleuren en har sintrale sturtfearren binne koarter.

Fersprieding bewurkje seksje

Pylksturtpappegaaien komme fan it uterste noarden fan Yndia oer Nepal oant Súdeast-Aazje foar.

Undersoarten bewurkje seksje

Der wurde trije ûndersoarten erkend:

Status bewurkje seksje

It oantal fûgels fan 'e soarte liket ôf te nimmen, alhoewol't it net bekend is hoe grut de populaasje is. Der wurdt fan útgien dat de populaasje net hurd tebekrint en de soarte wurdt neffens de Reade list fan it IUCN dêrom as 'net bedrige' klassisifisearre.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: