Pyter Jentsjes Rollema
Pyter Jentjes Rollema (Snits, 10 oktober 1786 - dêre, earder as 6 augustus 1845) [1]wie in Nederlânsk arsjitekt. Hy is benammen bekend fan syn wurk as stedsarsjitekt fan Snits.[2]
Rollema wie de soan fan Jentje Heerkes Rollema en Angenieske Pyters Augustinus.[3] Hy boaske yn 1808 oan Antje Lieuwes de Vries (1783-1852)[4] fan De Gaastmar.[5]
Yn 1826 wurdt er arsjitekt yn tsjinst fan de stêd Snits en ûntwerpt hy ferskate ferneamde gebouwen. In protte fan syn gebouwen binne der noch en binne wilens ryksmonumint wurden. Fan syn hân binne ûnder oaren de gebouwen dy't hjoed-de-dei tsjinje as Frysk Skipfeart Museum, it pân Kleinzand 32 (Weduwe Joustra®-bearenburch), de Rjochtbank Snits en de Doperske tsjerke oan de Singel.
Nei syn ferstjerren waard er opfolge troch arsjitekt Meinse Molenaar.
Njonken arsjitekt wie Rollema ek regint fan it Steds Earmhûs yn Snits. [6]
-
Lytssân 32 (1829)
-
Lytssân 40 (1842)
-
Lytssân 12 (1844)
-
De Doperkse tsjerke, Snits
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|