Echte rotten

(Trochferwiisd fan Rattus)

De echte rotten (wittenskiplike namme: Rattus) foarmje in skaai fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e mûseftigen (Muridae) en de ûnderfamylje fan de mûzen en rotten fan de Alde Wrâld (Murinae). Ta dit skaai hearre 66 soarten rotten, wêrfan't de bekendste en meast fersprate sûnder mis de brune rôt (Rattus norvegicus) en de swarte rôt (Rattus rattus) binne. As it allinnich om fersprieding giet, komt de Polynezyske rôt (Rattus exulans) perfoarst op it trêde plak.

Echte rotten
In rudige stedsrôt (brune rôt).
In rudige stedsrôt (brune rôt).
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme: wringedieren (Vertebrata)
klasse: sûchdieren (Mammalia)
skift: kjifdieren (Rodentia)
ûnderskift: mûzen en jerboä's (Myomorpha)
boppefamylje: mûzen en rotten (Muroidea)
famylje: mûseftigen (Muridae)
ûnderfamylje: mûzen en rotten fan de Alde Wrâld (Murinae)
skaai: echte rotten (Rattus)
Fischer von Waldheim, 1803

Withoefolle soarten mûseftigen en oarsoartige kjifdieren dy't taksonomysk sjoen gjin rotten binne, wurde wol faak as sadanich oantsjutten. Fan mûzen ûnderskiede rotten har eins inkeld trochdat se grutter binne. Rotten lizze oer it algemien by de minske op in tige minne namme as fiis en skealik ûngedierte, mar eins binne it yntelliginte bistkes, dy't traind wurde kinne foar in ferskaat oan needsaaklike en gefaarlike putsjes. Teffens is fral de brune rôt yn 'e lêste heale iuw hieltyd mear akseptearre rekke as húsdier.

 
In domestisearre brune rôt.
 
In rottefleisgerjocht yn 'e Sineeske provinsje Guangxi.
 
Hillige swarte rotten yn 'e hindoeïstyske Karni Mata-timpel, yn Yndia.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading op dizze side.