Ravengiersburg
Ravengiersburg is in Ortsgemeinde yn 'e Rhein-Hunsrück-Kreis op 'e Hunsrück yn 'e Dútske dielsteat Rynlân-Palts.
Ravengiersburg | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Dútslân | |
dielsteat | Rynlân-Palts | |
lânkring | Rhein-Hunsrück-Kreis | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 333 (31.12.2022)[1] | |
Oerflak | 6,16 km² | |
Befolkingsticht. | 54 ynw./km² | |
Hichte | 340 meter boppe seenivo | |
Oar | ||
Postkoade | 55471 | |
Koördinaten | 49° 56' N 7° 28' E | |
Offisjele webside | ||
www.ravengiersburg.info | ||
Kaart | ||
It plak leit yn 'e ferbânsgemeente Simmern-Rheinböllen.
Lokaasje
bewurkje seksjeRavengiersburg leit yn 'e delling fan 'e Simmerbach sintraal op 'e Hunsrück. It doarp is om de kleastertjerke boud. By it plak Ravengiersburg heart ek it súd fan Ravengiersburg lizzende plakje Neuhof. West fan Ravengiersburg mûnet de Kauerbach yn 'e Simmerbach út. Fan it gemeentegebiet bestiet goed in tredde part út bosk.
Skiednis
bewurkje seksjeIt plak waard foar it earst yn it jier 974 neamd. De namme stamt fan 'e greve Rabangar, dy't dêr op in steile rots boppe de Simmerbach syn kastiel boude. De stifting fan in koarhearenstift giet op it jier 1074 werom; it kleaster waard op it plak fan it Salyske kastiel boud. Yn in dokumint wêryn't lân oan it kleaster skonken waard, wurdt foar it earst de 'Hundesrucha', de Hunsrück, neamd.
It kleaster en it plak kamen yn 1410 yn it doe nije hartochdom Palts-Simmern te lizzen en ûntwikkele him ta de grutste grûnbesitter tusken de Mûzel en de Nahe, mar yn 1564 folge de opheffing yn it ramt fan 'e ynfiering fan 'e reformaasje yn it hartochdom. Ferskillende kearen waard besocht it kleaster nij libben yn te blazen, mar it mislearre hieltiten. Lang om let waard yn 1631 it kleaster troch Sweedske troepen yn 'e Tritichjierrige Kriich yn 'e brân stutsen. Sûnt 1673 wie Kar-Palts de lânshear.
De hjoeddeiske tsjerke waard tusken 1718 en 1722 ûnder karfoarst Karel II Filip fan 'e Palts stifte. Mei de besetting fan 'e lofter kant fan 'e Ryn troch Frânske troepen yn 1794 kaam it plak yn Frankryk te lizzen. Yn 1815 folge nei it Kongres fan Wenen de oerdracht oan it Keninkryk Prusen. Nei de Earste Wrâldkriich waard it gebiet op 'e nij troch Frânsen beset. Sûnt 1946 is Ravengiersburg ûnderdiel fan 'e dielsteat Rynlân-Palts.
It besjen wurdich
bewurkje seksje- It kleaster mei de katolike Sint-Kristoffeltsjerke en syn dûbele tuorren dominearret it doarp. De foarse tsjerke wurdt ek de Hunsrückdom neamd.
- De protestantske tsjerke is in neogoatysk tsjerkegebou út it begjin fan 'e 20e iuw.
- Oan 'e Hauptstraße 18 stiet in fakwurkhûs út de 18e iuw.
Ofbylden
bewurkje seksje-
Simmerbach.
-
Protestantske tsjerke.
-
Hauptstraße 18.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|