Read hier is de seldsumste soarte fan minsklik hier, dy't mar by 1 oant 2% fan 'e wrâldbefolking fan natuere foarkomt. Dêrby binne readhearrigen konsintrearre yn noardlik en westlik Jeropa, dêr't se 2 oant 6% fan 'e befolking útmeitsje. Dizze hierkleur, dy't eins mear oranje as read is, ûntstiet yn 'e regel troch in genetyske mutaasje wêrby't minsken twa kopyen fan in resessyf allel op gromosoom 16 hawwe, mei as gefolch de produksje fan in alternative ferzje fan 'e MC1R-proteïne.

In readhierrige frou.

Read hier docht him foar yn in wiid ferskaat oan tinten, fan djip fjoerread oant rodzich. It ûnderskiedt him fan oare hiersoarten trochdat it minder fan it dûnkere pigmint eumelanine befettet en mear fan it bleke mar readige pigmint feomelanine. Reade hierren binne tsjûker as yndividuële hierren fan lykfol hokker oare hierkleur. Readhierrige minsken hawwe mar 90.000 yndividuële hierren, wylst dat oantal foar lju mei swart hier op 108.000 leit, foar lju mei brún hier op 110.000 en foar lju mei blûn hier op 140.000. It hawwen fan read hier giet ornaris mank mei ljochtere eachkleuren (griis, blau, grien en bêzje) en mei in hiel ljochte hûd, dy't tige kwetsber is foar sinnebrân en op guon plakken beset is mei skeinspruten, benammen op 'e noas (of yn it gesicht as gehiel) en op 'e skouders en earms.

Fersprieding

bewurkje seksje

Read hier wurdt almeast assosjearre mei de Kelten, en yn 't bysûnder mei de Ieren, hoewol't it yn Grut-Brittanje ek in protte foarkomt. Yn Skotlân hat bgl. 10% fan 'e befolking read hier. Readhierrigens komt lykwols ek by oare folken in protte foar, lykas de Oedmoerten út 'e Wolga-regio en de Montenegrinen fan 'e Balkan. Ek yn Noard-Afrika en it Midden-Easten komt it wol foar, dêr't it him by manlju benammen uteret yn it hawwen fan reade burden.

Kulturele reäksje

bewurkje seksje

Kulturele reäksjes foar readhierrigen oer rinne útinoar. Foarhinne waarden se gauris bespot en ferhune (as 'reade', 'readkop', 'fjoertoer', ensfh.), en wie readhierrigens faak wier wat om jin foar te skamjen. In protte manlju fine readhierrige froulju net oantreklik, hoewol't de kombinaasje read hier en griene eagen wol faak wer as skientme-ideaal neamd wurdt (krekt as de kombinaasje blûn hier en blauwe eagen). Readhierrigens wurdt ek gauris ôfskildere as mank geand mei in fjurrich temperamint.

Underskate tinten fan read hier

bewurkje seksje

Tinten fan read hier kinne wêze:

  • blijread
  • dûnkerread
  • fjoerread
  • ljochtread
  • rodzich

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.