Reade fjoerflinter

De reade fjoerflinter (Lycaena hippothoe) is in soarte yn it skaai fan de echte fjoerflinters (Lycaena).

reade fjoerflinter
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme lidpoatigen (Arthropoda)
klasse ynsekten (Insecta)
skift flinters (Lepidoptera)
famylje reachwjukflinters (Lycaenidae)
skaai echte fjoerflinters (Lycaena)
soarte
Lycaena hippothoe
Linnaeus, 1761
IUCN-status: net bedrige

Tusken 1981 en 1986 binne twa reade fjoerflinters sjoen yn Súd-Limburch. Oant 1990 is er in populaasje west by Faals. De flinter hâldt fan wiete greiden. Se komme noch foar yn de Ardennen en Eifel. It is in honkfêste soart.

Op de Nederlânske reade list stiet de flinter as ferdwûn. Ynternasjonaal komt er noch rûnom foar.

De flinter fljocht fan ein maaie of oant midden july. De flinter fljocht altyd yn 1 generaasje.

De wjuklingte is likernôch 17 mm. De mantsjes binne op de boppekant donker oranje mei in readeftige glâns. By de wyfkes is de boppekant fan de foarwjuk dof oranje mei brune plakken.

De rûp oerwintert as in healwaaks rûp yn in blêdelaach. De groeiperioade fan de rûp leit yn de simmer en it der neikommende foarjier.

De rûp fret surkesoarten en njirrewoartel.