Reade reager
De reade reager of poarperreager (Ardea purpurea) is in fûgel út de famylje fan de reagers, en út it skift fan de pilekaaneftigen.
reade reager | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Ardea purpurea | ||||||||||||
Linnaeus, 1766 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
stânfûgel simmerfûgel wintergast |
Foarkommen
bewurkje seksjeDe reade reager is likernôch 79 sm grut.
Fersprieding
bewurkje seksjeSúd- en Súdeast-Jeropa om de Middellânske See hinne, yn 'e Donaudelta en yn Afrika. Fryslân hat alle jieren inkelde briedpearen, en dêrmei is Fryslân it noardlikste briedgebiet foar de reade reager. Yn augustus-septimber trekke de fûgels nei súdlike streken. De reade reager wurdt sûnt 2016 net mear als bedrige besjoun en stiet dêrom net mear op de Nederlânse Reade list fan fûgels.
Iten
bewurkje seksjeDe reade reagers frette benammen fisk yn heldere wetters.
Taksonomy
bewurkje seksjeDe reade reager hat fjouwer ûndersoarten:
- Ardea purpurea purpurea - Midden-, Súd en Súdeast-Jeropa, Aazje, Afrika
- Ardea purpurea bournei - Kaapverdje, ek wol as aparte soarte Ardea bournei besjoun ("Kaapverdyske reager")
- Ardea purpurea madagascariensis - Madagaskar
- Ardea purpurea malinensis - Súdeast-Aazje
-
Aaien fan Ardea purpurea