Readrêchreadsturtsje

It readrêchreadsturtsje (Phoenicurus erythronotus) is in sjongfûgel út de famylje Muscicapidae.

Readrêchreadsturtsje
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift moskeftigen (Passeriformes)
famylje miggesnappers (Muscicapidae)
skaai readsturtsjes (Phoenicurus)
soarte
Phoenicurus erythronotus
Eversmann, 1841
IUCN-status: net bedrige
 
Readrêchreadsturtsje yn Pakistan.

It readrêchreadsturtsje is ien fan 'e gruttere fûgels út it skaai readsturtsjes en is 15 oant 16 sm lang mei in spanwiidte fan 25,5 oant 27 sm. De snaffel en poatsjes binne swart. Yn 'e briedtiid hat it mantsje in swart masker en in grize krún en nekke. De rêch en romp binne readbrún en de sturt is ek readbrún, wylst de middelste fearren dêr donker binne. De wjukken binne donker mei wite flekken op 'e skouderfearren en primêre dekfearren. It ûnderbealchje is foar it measte readbrún mei wyt en de ûndersturtfearren binne ek wyt. Bûten de briedtiid binne de mantsjes saaier en bruner fan kleur. Ek jonge mantsjes ha dy kleuren yn it earste jier.

Wyfkes binne foar it measte griisbrún en dy ha in readbrune sturt mei donkere sintrale fearren en bleekgiele streken op 'e wjukken en bleekgiele rânen oan 'e tertials.

Fersprieding

bewurkje seksje

Readrêchreadsturtsjes briede yn 'e bergen fan Sintraal-Aazje en Súd-Sibearje, fan 'e Tiensjanbergen oant it Tarbagataj- en it Altai-berchtme en de Baikalmar. Guon fûgels trekke yn 'e winter nei legere kriten, wylst oare fûgels, fral yn it noardeasten fan it ferspriedingsgebiet, oer langere ôfstannen migrearje. It oerwinteringsgebiet leit fan Súd-Irak oer Iran en Pakistan oant de westlike Himalaya fan Kasjmir. Guon fûgels migrearje sels nei it easten fan Araabje. Yn Israel en Turkije is de fûgel as dwaalgast waarnommen.

Yn 'e briedtiid libbet de fûgel yn it bosk oant 5.400 m boppe seenivo. Winterdeis is de fûgel faker op iepen en drûch terrein te sjen.

Ynsekten foarmje it grutste diel fan it iten yn 'e briedtiid. Winterdeis binne fruchten en sied belangryk.

It is net bekend hoe grut de populaasje likernôch is, mar de fûgel hat in grut ferspriedingsgebiet en oannommen wurdt dat de populaasje stabyl is. De fûgel stiet dêrom as net bedrige op 'e Reade list fan 'e IUCN.[1]

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

De tekst is foar in part in oersetting fan it Ingelsktalige artikel oer dit ûnderwerp, sjoch ûnder: en:Eversmann's redstart