De RealTouch is in teledildoanyske masturbator foar manlju, dy't bestiet út in keunstfagina tarist mei rimen, streamingsmeganismen foar glydmiddel, ferwaarmingseleminten en oare technologyske snufkes. Dy wurdt oer de penis hinne pleatst en syngronisearret it feroarsake gefoel mei bylden fan in spesjaal foar dit doel produsearre ynternetfideo, sadat de brûker fan 'e RealTouch him foarstelle kin dat de aktrise yn 'e fideo seksuële omgong mei him hat.

De RealTouch (de namme betsjut letterlik "EchteOanrekking") waard yn 2008 ûntwikkele troch AEBN, in Amerikaansk bedriuw op it mêd fan ynternetpornografy. Meiwurkers fan AEBN demonstrearren it apparaat op it AVN Adult Entertainment Expo fan jannewaris 2009 yn Las Vegas, wêrnei't it yn novimber fan dat jier op 'e merk brocht waard. Yn desimber 2008 waard de ferneamde pornoaktrise Lisa Ann oanlutsen om as wurdfierster foar RealTouch op te treden.

AEBN ûntwikkele ek in dildo mei in kapasitive oanrekkingssensor, dy't de JoyStick neamd waard. Troch de RealTouch yn kombinaasje mei de JoyStick te brûken, woe it bedriuw ynteraktive teledildoanyske tsjinsten oer it ynternet oanbiede, wêrby't in webcamgirl live de JoyStick brûkte en har klanten op ôfstân oan harren penis fiele koene wat sy dermei die. Dy tsjinsten brocht AEBN ûnder by syn RealTouch Interactive-difyzje. Mei it op 'e merk bringen fan 'e RealTouch giene lykwols oansjenlike lisinsjekosten mank. Yn 2015 koe it produsearjen fan 'e RealTouch foar AEBN finansjeel net mear út en hold it bedriuw op mei sawol de produksje as it ûnderstypjen fan 'e byhearrende tsjinsten.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.