Keunstfagina

In keunstfagina.

In keunstfagina is in foarwerp dat spesifyk makke is om 'e fagina, it geslachtsdiel fan 'e frou, nei te bearen. Om dat te berikken is it yn 'e regel makke fan in sêft materiaal, wurdt it smaard mei glydmiddel en soms ferwaarme. Der bestiet in breed ferskaat oan keunstfagina's. By it hearren fan it wurd sille de measte minsken tinke oan seksboartersguod foar manlju, mar keunstfagina's kinne ek bedoeld wêze foar medysk of seksuologysk ûndersyk of om yn 'e feefokkerij sperma op te fangen dat neitiid brûkt wurdt foar keunstmjittige ynseminaasje. It tsjinstelde fan in keunstfagina is in dildo of keunstpenis.

Minsklik gebrûkBewurkje

Keunstfagina's dy't bedoeld binne foar minsklik gebrûk wurde ek wol masturbaasjehelpmiddel, masturbator of pocket pussy neamd. Sa'n keunstfagina is ûntwurpen om it gefoel fan geslachtsmienskip mei in frou te simulearjen troch it oer de erekte penis hinne te pleatsen. Lytsere keunstfagina's moatte dan mei de hân op en del of hinne en wer beweegd wurde, wylst gruttere eksimplaren, lykas sekspoppen, sûnder hannen brûkt wurde kinne. It doel is om in orgasme en ejakulaasje te berikken. Om dêrby te helpen binne keunstfagina's gauris tarist mei bewegende dielen lykas fibrators, dêr't de stimulaasje fan 'e penis troch tanimt en dy't better de bewegings fan 'e fagina fan in frou om 'e penis fan in man hinne neibeare.

 
In breeding mount foar in hynder mei in ynboude keunstfagina om hynstesperma op te fangen foar lettere keunstmjittige ynseminaasje.

Ornaris hawwe keunstfagina's in reälistysk of benei-reälistysk oansjen fan 'e natuerlike fysiology fan 'e útwindige dielen fan 'e fagina, ynklusyf de skamlippen en de klitoris. Soms is der sels skamhier tafoege. Fan binnen bestiet de keunstfagina út in nau kanaal, de saneamde 'faginale tunnel', dy't oer it algemien tusken de 10 en 20 sm djip is. De binnenkant fan 'e faginale tunnel is almeast net glêd, mar omfettet ynstee in rige ronfels of bobbels, dy't de natuerlike rugae fan 'e fagina neibeare en it geniet fan 'e brûker fergrutsje. Oan reälistyske keunstfagina's is net selden ek in anus tafoege mei in 'anale tunnel' foar manlju dy't anale seks simulearje wolle.

Keunstfagina's binne makke fan cyberskin (in mingsel fan PVC) en silikoan, rubber, lateks, polyfinylgloride (sêft plestik) of TPE (termoplestik elastomer). Yn Japan is de tenga populêr, in fuortsmytkeunstfagina foar ien kear brûken dy't ferkocht wurdt mei it glydmiddel al tafoege. It Amerikaanske Fleshlight makke in type keunstfagina dat fan bûtenôf op in grutte bûslampe (flashlight) liket. Fleshlights besteane yn ferskate hûdskleuren en hawwe it reälistysk oansjen fan in fagina, in mûle of in anus. Teledildoanyske keunstfagina's, lykas de RealTouch fan it Amerikaanske bedriuw AEBN, kinne seksuële omgong op ôfstân mei in webcamgirl of in model yn in yn 't foar opnommen fideo simulearje.

Feterinêr gebrûkBewurkje

Keunstfagina's wurde fierders in protte brûkt yn 'e feefokkerij om sperma fan manlike bisten lykas bollen of hynsten op te fangen, sadat dat letter brûkt wurde kin foar keunstmjittige ynseminaasje fan froulike bisten lykas kij of merjes. Hoewol't feterinêre keunstfagina's der fan 'e bûtenkant ôf oer it algemien net útsjogge as in fagina, moat sa'n apparaat wol deeglik de ynterne anatomy en wurking fan 'e fagina neibeare om funksjoneel te wêzen. Der binne ferskate types yn gebrûk, mar oer it algemien bestiet it ûntwerp út in buis mei in sterile fuorring en in hurde bûtenkant. De wand fan 'e buis kin hol wêze en folle mei waarm wetter om 'e natuerlike lichemstemperatuer fan it froulike bist nei te bearen.

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.