Rebecca Walker
Rebecca Walker (Jackson, Mississippy, 17 novimber 1969) is in Amerikaanske feministe en skriuwer. Time Magazine neamde har as ien fan de 50 takomstige lieders fan Amearika. Sy is in dochter fan de skriuwster Alice Walker en Mel Leventhal, in Joadsk-Amerikaanske abbekaat. Doe't hja 18 jier wie hat sy keazen foar de efternamme fan har mem.
Oplieding en karriêre
bewurkje seksjeSy studearre cum laude ôf oan de Universiteit Yale yn 1992; rjochte de Third Wave Foundation mei op, in non-profit organisaasje dy't jonge froulju oantrune en stypje wol ta it stribjen nei liederskipsposysjes. Walker wurdt beskôge as ien fan de lieders yn de foarhoede fan de Tredde feministyske weach.
Walker wie lange jierre meiwurker fan it Ms. magazine. Har wurk ferskynde ûnder oaren yn Harper's, Essence, Glamour, Interview, Buddhadharma, Vibe, Child, en Mademoiselle. Teffens wie sy te sjen op CNN en MTV, en yn The New York Times, Chicago Times, Esquire (VS°, Shambhala Sun. Se spile ek in rol yn de film Primary Colors.
Boeken
bewurkje seksje- To be Real: Telling the Truth and Changing the Face of Feminism (1996) (redakteur)
- Black, White and Jewish: Autobiography of a Shifting Self (2000)
- What Makes A Man: 22 Writers Imagine The Future (2004) (redakteur)
- Baby Love: Choosing Motherhood After a Lifetime of Ambivalence (2007)
- Black Cool: One Thousand Streams of Blackness (Soft Skull Press, febrewaris 2012)