Time (tydskrift)

(Trochferwiisd fan Time Magazine)

Time (letterlik: "Tiid"), of ek wol Time Magazine, is in Amerikaansk tydskrift dat yn 1923 oprjochte waard. It is yn Noard-Amearika noch altyd in tige foaroansteand en ynfloedryk opinyblêd. De haadredaksje is fêstige yn New York. Oarspronklik wie Time in wykblêd, mar fan 2020 ôf ferskynt it ienris yn 'e fjirtjin dagen. It wurdt publisearre troch útjouwerij Time USA, LLC. Dat bedriuw jout ek in Jeropeeske, in Aziatyske en in Oseänyske edysje út. Time stiet fierders bekend om syn útferkiezing fan in Persoan fan it Jier en de Time 100-ranglisten.

Time
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Amerikaansk
taal Ingelsk
sjenre opinyblêd
frekwinsje 1 × yn 'e fjirtjin dagen
bestean 1923 – no
oprjochter Briton Hadden en Henry Luce
plak haadred. New York (New York)
útjouwer Time USA, LLC
oplaach 1,6 miljoen (2020)
ISSN 0040-781X
offisjele webside
time.com

Time waard yn 1923 yn New York oprjochte troch Briton Hadden (1898-1929) en Henry Luce (1898-1967). Dy beide mannen wiene allebeide alumny fan 'e Universiteit fan Yale yn New Haven, dêr't se tagelyk as foarsitter, resp. haadredakteur belutsen wiene by de universiteitskrante de Yale Dailey News. De earste edysje fan Time ferskynde op 3 maart 1923.

Oarspronklik woene Hadden en Luce it blêd Facts ("Feiten") neame, mar úteinlik foel de kar op Time. De betsjutting fan dy titel waard útlein yn 'e slachsin "Take Time – It's Brief" ("Nim [de] Tiid – It is Koart"). De ynhâld fan wat in opinyblêd wie, waard diktearre troch de persoanlikheden fan 'e beide oprjochters. Luce woe in soarte fan nijsblêd hawwe en beävensearre dat Time in protte oandacht bestege oan nasjonaal en ynternasjonaal nijs, mei dêropta koarte nekrologyen fan bekende lju. Hadden waard beskôge as in soargeleaze grapmakker. Hy hie mear belangstelling foar de entertainmentyndustry en de popkultuer, sadat ek dêroer in protte berjochtjouwing yn Time bedarre. It bliek in gouden kombinaasje, dy't in protte lêzers loek.

Oant yn 'e 1960-er jierren stie der altyd ien persoan ôfbylde op 'e omslach fan Time. (Fan resinter datum binne de Persoan fan it Jier-edysjes, dy't almar populêrder wurden binne.) Nei it foartidich ferstjerren fan Hadden yn 1929 kamen Time en syn útjouwerij, Time Inc., yn 'e hannen fan Luce, dy't oant syn eigen dea yn 1967 in liedende posysje beklaaide. Syn bestjoer fan it bedriuw is wol omskreaun as "autokratysk" en syn rjochterhân dêrby wie Roy Edward Larsen, dy't opklom ta de funksje fan bedriuwslieder en dy't nei Luce de measte ynfloed útoefene op Time. Larsen wie de man dy't Time al fan 1923 ôf in eigen radioprogramma besoarge, wêryn't it yn it tydskrift beskreaune nijs yn dramatisearre en ferkoarte foarm foar it fuotljocht brocht waard om lêzers te lûken. Nei de dea fan Luce kaam Time Inc. yn 'e hannen fan syn erven, wylst Larsen oant 1979 it deistich bewâld behold fan sawol de útjouwerij as it tydskrift.

It yn 1974 oprjochte tydskrift People wie basearre op 'e bledside People ("Minsken" of "Persoanen") fan Time. Yn 1989 fusearre Time Inc. mei it mediabedriuw Warner Communications, sadat de mediagigant Time Warner ûntstie. Dêr makken û.m. ek de filmstudio Warner Bros. en nijsstjoerder CNN diel fan út. Yn 2000 waard Time Warner omneamd ta AOL Time Warner, mar yn 2003 krige it bedriuw syn oarspronklike namme wer werom. Oant 2007 hie Time in systeem wêrby't it wykblêd op moandei besoarge waard by kiosken en abonnees, mar dat waard doe feroare yn in systeem wêrby't it tydskrift freeds yn 'e kiosk kaam en sneons by abonnees thús besoarge waard.

 
De omslach fan 'e earste edysje fan Time, mei in ôfbylding fan 'e eardere foarsitter fan it Amerikaanske Hûs fan Offurdigen Joseph G. Cannon.

Yn 'e twadde helte fan 2009 dûkele de ferkeap fan Time yn 'e kiosken mei 34,9% omleech. Yn 'e earste helte fan 2010 gie it mei nochris in trêdepart omleech en yn 'e twadde helte fan dat jier mei 12%. Oan it begjin fan 2011 waarden der fan Time fia de frije ferkeap noch mar 79.000 eksimplaren ferkocht. Oarsaken fan 'e tebekgong wiene net inkeld de algemiene ûntlêzing, mar ek de ekonomyske weromgong troch de doe hearskjende Bankekrisis. Yn jannewaris 2013 waarden sadwaande besunigings oankundige wêrby't 500 banen ferlern giene. (Dat kaam del op rûchwei 6% fan 'e 8.000 banen dy't Time en Time Inc. wrâldwiid hiene.)

Yn 2014 waard Time Inc. as namme wer weromhelle foar de útjouwerij fan Time en oanbesibbe útjeften lykas Fortune, Money en Sports Illustrated. Yn novimber 2017 waard Time Inc. oernommen troch de Meredith Corporation, dy't Time yn oktober 2018 trochferkocht oan Marc Benioff, de oprjochter fan softwareprodusint Salesforce. Benioff sette foar de útjouwerij in nije memme-ûndernimming op dy't er Time USA, LLC neamde. Yn 2020 waard besletten om Time tenei net mear ienris yn 'e wike út te bringen, mar ienris yn 'e fjirtjin dagen.

Anno 2012 hie Time noch in oplaach 3,3 miljoen eksimplaren, wat it ta it op tsien nei meast lêzen tydskrift yn 'e Feriene Steaten makke, en it op ien nei meast lêzen wykblêd (nei People). Yn july 2017 bedroech de oplaach fan Time noch 3.028.013, mar yn oktober fan dat jier waard dy werombrocht nei 2 miljoen. Yn 2020 hie de printedysje fan it blêd noch mar in oplaach fan 1,6 miljoen, wêrfan 1 miljoen yn 'e Feriene Steaten.

Ofwikende edysjes en katerns

bewurkje seksje

Bysûndere edysjes

bewurkje seksje

Persoan fan it Jier

bewurkje seksje

Time stiet bekend om syn útferkiezing fan in Persoan fan it Jier (foarh. Man fan it Jier), dy't dan op 'e omslach komt en oan wa't in wiidweidich artikel wijd wurdt. It giet hjirby om immen dy't neffens it blêd de grutste ynfloed hân hat op it ferrrin fan 'e wrâldskiednis yn 'e ôfrûne tolve moannen. Om't der gjin ûnderskie makke wurdt oft dy ynfloed yn goede of ferkearde sin útoefene is, hawwe bgl. Adolf Hitler, Joazef Stalin en Vladimir Pûtin ek "Man fan it Jier" west. Yn 2001, doe't nei de Oanslaggen fan 9/11 de logyske, objektive kar de terrorist Osama bin Laden west hie, waard lykwols keazen foar boargemaster fan New York Rudy Giuliani. Yn 2006 keas Time derfoar om "do" (de lêzer) ta Persoan fan it Jier te meitsjen, in gimmick dy't mei mingde reäksjes ûnthelle waard.

Yn resinte jierren hat Time in jierlikse list opsteld mei dêrop de 100 ynfloedrykste minsken fan it jier. Dat is begûn doe't it blêd nei de iuwwiksel in list opstelde mei de 100 ynfloedrykste minsken fan 'e tweintichste iuw. Soms wurde op dizze ranglist mear as 100 lju geartroppe, wêrby't dan guon in rangplak diele moatte. Time hat ek ranglisten opsteld mei de 100 bêste romans (2005), de 100 bêste films (2005), de 100 bêste tillefyzjesearjes (2007) en de 100 ynfloedrykske moade-ikoanen (2012). Yn febrewaris 2016 parte Time de Ingelske skriuwer Evelyn Waugh (liket in frouljusnamme mar is in man) it 97e plak ta op 'e ranglist fan 'e "100 Meast Lêzen Skriuwsters yn Kolleezjeklassen". Dy flater late ta in soad oandacht fan oare media, in protte hilariteit by lêzers en witwat argewaasje oer de ûnkunde fan sa'n foaroansteand bled by Ingelske letterkundigen.

In oare tradysje by Time is om omslaggen mei in grut skeankrús (in X) derop te printsjen. Dat barde foar it earst op 7 maaie 1945, doe't Time in omslach hie mei in kop fan Adolf Hitler derop mei dêroerhinne in grut read skeankrús om der útdrukking oan te jaan dat de Führer dea en syn skrikbewâld foarby wie. Op 20 augustus 1945 stie de flagge fan Japan op 'e omslach mei dêroerhinne in grut swart skeankrús om oan te jaan dat Japan ferslein en de Twadde Wrâldoarloch foarby wie.

Achtenfyftich jier letter, op 21 april 2003 printe Time op 'e omslach in ôfbylding ôf fan 'e Iraakske diktator Saddam Hoessein mei in read skeankrús oer syn gesicht. Dat wie twa wiken nei de Amerikaanske ynfal yn Irak, doe't it rezjym fan Saddam foargoed ûnder fuotten helle wie. Time printe op 13 juny 2006 en op 2 maaie 2011 foto's fan 'e terroristen Abû Mûsab al-Zarkawi en Osama bin Laden op 'e omslach ôf mei in read skeankrús deroerhinne ta teken fan harren dea. En begjin desimber 2020 sette Time it jiertal "2020" op 'e omslach mei in read krús dertrochhinne, mei't it neffens it tydskrift "it minste jier aller tiden" west hie (benammen yn ferbân mei de koroanafiruspandemy).

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.