Redmond O'Hanlon (Dorset, 5 juny 1947) is in Britsk skriuwer en gelearde.

Redmond O'Hanlon
skriuwer
Redmond O'Hanlon by de Meet the Future, Science & Technology Summit yn De Haagch, novimber 2010.
Redmond O'Hanlon by de Meet the Future, Science & Technology Summit yn De Haagch, novimber 2010.
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Britsk
berne 5 juny 1947
berteplak Dorset
wurk
taal Ingelsk

O'Hanlon studearre oan it Marlborough- en it Merton College yn Oxford. Hy helle dêr in M.Phil. yn njoggtjentjende-iuwske Ingelske stúdzjes en waard yn 1971 beneamd ta wittenskiplik meiwurker, krige de Alistair Horne Research Fellowship yn 1974 en waard senior visitor oan it St Antony's College, Oxford, yn 1985.

Hoewol't O'Hanlon doe't er jong wie tige leauwich wie, waard er in fûl ateïst nei't er de wurken fan Charles Darwin ûntduts. Dit ta grut fertriet fan syn heit en mem.

Syn proefskrift, Changing Scientific Concepts of Nature in the English Novel, 1850-1920, makke er dien yn 1977. Fan 1970 oant 1974 wie Redmond O'Hanlon lid fan de literatuerkommissy fan de Arts Council of Great Britain (de Ried foar de Keunst fan Grut-Brittanje). Yn 1982 waard er lid fan de Society for the Bibliography of Natural History, yn 1984 lid fan de Royal Geographical Society en lid fan de Royal Society of Literature yn 1993. Fyftjin jier lang wie er redakteur fan The Times Literary Supplement op it mêd fan natuerlike histoarje.

O'Hanlon is bekend wurden fanwegen syn reizen nei in pear fan de meast ôfhandige oerwâlden fan de wrâld, op Borneo, it Amazônebekken en Kongo. Hy skreau teffens in skrinend ferslach fan in reis nei de Noardatlantyske Oseaan op in trawler.

Yn 2009 die er mei oan it projekt Beagle: In het kielzog van Darwin dat de histoaryske reis fan Charles Darwin, dy't fan beskiedende betsjutting wie foar syn tinken oer de evolúsjeteory, mei de Beagle betocht troch dy oer te dwaan mei de klipper de Stad Amsterdam.

Yn novimber 2011 sette de VPRO útein de reissearje O'Hanlons helden. Yn dy rige fan acht ôfleveringen brocht O'Hanlon de sjogger yn de kunde mei syn helden út de 19e iuw. Op 9 maaie 2012 wûn O'Hanlons Helden de Sulveren Nipkowskiif foar it bêste telefyzjeprogramma fan it jier.

By de Europeeske Parlemintsferkiezingen 2014 yn Nederlân wie O'Hanlon listtriuwer op de kandidatelist fan de Partij voor de Dieren.

Yn febrewaris 2015 waard er troch de gemeente Almere frege om in roman te skriuwen oer dy stêd. Earder hie Renate Dorrestein dat dien mei Weerwater.

  • Charles Darwin 1809-1882: A Centennial Commemorative (1982) (bydrage)
  • Joseph Conrad and Charles Darwin: The Influence of Scientific Thought on Conrad's Fiction (1984)
  • Into the Heart of Borneo (1984) (Nederlânske fertaling: Naar het hart van Borneo)
  • In Trouble Again (1988) (Nederlânske fertaling: Tussen Orinoco en Amazone)
  • Na de Amazone (1995; ferhalen)
  • Congo Journey (1996) (Nederlânske fertaling: Congo)
  • Trawler (2004) (Nederlânske fertaling: Storm)
  • God, Darwin en natuur (2009), mei Rudi Rotthier; yn it Ingelsk ferskynd as The Fetish Room

Keppelingen om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: