Gûatemala

(Trochferwiisd fan Republyk Gûatemala)
República de Guatemala
Flagge fan Gûatemala Wapen fan Gûatemala
Flagge Wapen
Lokaasje fan Gûatemala
Offisjele taal Spaansk
Haadstêd Gûatemala-stêd
Steatsfoarm Republyk
Gebiet
% wetter
108.890 km²
0,4­%
Ynwenners (2004) 13.000.000
Munt quetzal (GTQ)
Tiidsône UTC -6
Nasjonale feestdei -
Lânkoade GTA
Ynternet .gt
Tillefoan 502

Gûatemala, folút de Republyk Gûatemala, is in lân yn Midden-Amearika. De haadstêd is Gûatemala-stêd

Gûatemala wurdt begrinzge troch:

 
Tikal Maya ruïnen

It lânskip fan Gûatemala is meastentiids bercheftich, útsein de kustgebieten. It noarden El Petén is in flak kalkstienplato mei tropysk rainwâld bedutsen. De Sintraal Amerikaanske Andes trochsnied it súdlike diel fan it lân fan east nei west. Yn it uterste suden strekt him de heechflakte fan de Sierra Madre út dy't yn de kustflakte lâns de Grutte Oseaan oergiet.

De grutste mar fan it lân is de Izabalmar, dat yn ferbining stiet mei de Weach fan Hondûras. Oan de oare kant fan it lân leit de Mar fan Atitlan, in troch fulkanen omheind mar.

Populêre reisbestemmings binne de goed bewarre bleaune Yndianekultueren (Tsitsikastenango), de Maya-stêden (Tikal) en de koloniale stêden Antigua en Kwujezatenango.

It sintrum fan de âlde Maya-kultuer waard yn 1524 troch de Spanjerts ferovere en bleau oant de ûnôfhinklikens yn 1821 in Spaanske koloanje. Fan dy tiid ôf is it lân oanhâldend regeard troch wikseljende diktatueren. Sûnt 1986 wurdt de regearing demokratysk keazen, mar pas yn 1997 waard mei in fredesakkoard in ein makke oan de guerilja fan de URNG.

De Ladino befolkingsgroep dy't bestiet út Mestiezen en blanken meitsje 60% fan it folk út. De oare 40% bestien út Indigenas (Yndianen), dêr't it grutste part ôfstamje fan de Maya. Yn Gûatemala bestiet de Mayafolken út 23 ferskate kloften elts mei in eigen taal. Oare yndianefolken binne de Ksinka en de Garifuna.

De offisjele taal fan it lân is it Spaansk, mar troch in oansjenlik part fan de befolking wurde ek Mayatalen sprutsen, fral K'iche', Kakwsjikel, Kw'ekwtsy en Mam. Yn guon, meastentiids achterôf lizzende gebieten yn it lân is de Mayabefolking net twatalich.

De grutste godstsjinst fan it lân is it katolisisme. It protestantisme is de lêste jierren bot yn opkomst, mear as in tredde fan de befolking is ûndertusken protestant. Om-ende-by 1% fan de Gûatemalianen belyd noch in oarspronklike yndiaanske religy, alhoewol't de Maya's harren oarspronklike gebrûken hiel bot fermongen hawwe mei it katolisisme.