Ria Groenhof (Grins, 17 april 1957) is in byldzjend keunstner en lesjouwer fan De Lemmer. Sy krige har oplieding oan de Akademy foar Keunst en Yndustry (AKI) yn Ynskedee. Goenhof hie har earste útstalling yn De Lawei yn Drachten yn 1989.[1]

'De Grins fan Greide en Wetter' (2002)

Har romtlike bylden binne figuratyf, abstrakt of lizze yn it eksperimintele grinsgebiet. De bylden binne meast fan waarfêst stiel, brûns, beton of kombinaasjes fan materialen. At it heal kin besiket se oan te sluten by de oansteande omjouwing fan it objekt.

  • De Turfsnijer - Tsjalbert (1991)
  • De Wachters - wyk Heidemar op It Hearrenfean (2000)
  • Fedde Schurer Kultuerpriis fan Lemsterlân (2001)
  • De Grins fan Greide en Wetter yn De Lemmer (2002)
  • De mens in de mens frijwilligerspriis (2005)
  • De Hege Fonnen (2006) foar it sport- en kulturele sintrum yn Lemsterlân
  • Sportprizen foar de gemeente Lemsterlân (2006)

Groenhof hie eksposysjes yn û.o. galery St. Joseph, de Kuiertocht op De Lemmer yn de Martenatún en oan de atelierrûte Lemsterlân.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. "Een lovenswaardig debuut" yn Leeuwarder Courant, 17 novimber 1989