Riedhûs fan Balk

It riedhûs fan Balk is it eardere gemeentehûs fan de gemeente Gaasterlân. It monumintale gebou stiet op de hoeke fan de Dubbelstrjitte en de Riedhûsstrjitte yn Balk. It gemeentehûs fan de nije gemeente Gaasterlân-Sleat stie oan de oare kant fan de Dubbelstrjitte.

Riedhûs fan Balk
It rjochthûs fan Balk, wetterferveskilderij troch Jan Bulthuis ± 1780

It âlde riedhûs (rjochthûs) waard yn 1615 boud yn opdracht fan de destiidske grytman fan Gaasterlân Obbe Obbes.[1] De ankers oan de foarside fan it gebou ferwize nei it boujier. Yn 1836 krige it gebou in nije foargevel. De yngong sit oan de noardeastside en is tagonklik fia in hege treppen mei in bordes. Op it bordes steane ek, op de twa hoekpunten, skyldhâldende liuwen. Op it dak in dakruter út 1793 mei in klok dy't yn 1615 jitten waard troch de klokkejitter Gerard Koster. It âlde riedhûs is erkend as ryksmonumint. It gebou waard yn 1912 restaurearre. Yn 1974 wie der in restauraasje fan de dakruter.

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. Boersma, Bauke Gaasterland: eeuwenoud land tussen Mar en Klif, side 41, útj. Friese Pers Boekerij, Ljouwert, 2005