Rienk Sjoerd Alberda (Snits?, 26 desimber 1941 - 19 febrewaris 2012) wie ûndernimmer en wedstriidsiler.

Rienk wie ien fan de fjouwer bern fan Johannes Alberda dy't namme makke as jachtbouwer en topsiler. Johannes waard fjouwer kear Nederlânsk kampioen yn de Regenboogklasse. Hy ferovere mear as 550 prizen en waard foar syn fertsjinsten foar de silerij benamd ta skipper yn de Oarder fan de Snitser Panne.

Troch in saaklik skeel naam Rienk net it bedriuw fan syn heit oer, mar waard seilmakker. Wyls sylde er nei de Nederlânske top. Ein sechtiger jierren wûn er trije kear it NK Vrijheid en woe ek ynternasjonaal sile. Hy helle in Tempest út Ingelân om't er oan de Olympyske Spullen fan 1972 meidwaan woe. Rienk kaam yn de kearnploech en waard mei sylmaat Jaap Sonneberg de bêste Nederlanner yn it pree-Olympyske regatta yn it Dútske Kiel. De kwalifikaasje foar de Olympyske Spullen slagge lykwols net. Alberda stapte oer nei de Yngling-klasse, waard Nederlânsk kampioen en wûn it EK seesilen, it EK Sailhorse en de Primus Inter Paris. Yn 1976 wûn er de prestisjeuze Ferbûnsbiezem. Alberda boude sels Pampus 453 ôf.

Alberda wie troud mei Reina Zondervan († 2006), dy't yn 1982 bestjoerslid fan de Snitser sylferiening waard. Yn 1992 brocht se it ta skipper fan de Sneker Pan. Yn 2004 waard Rienk Pan-skipper. It span foarme dêrmei in unikum yn it selekte Skipperskolleezje. Se skonken de Snitswike it bekende biedwurd: Oerdeis om de ear, jûns om de sfear. Mear as fyftich kear die Rienk mei oan de Snitswike, dy't er seis kear wûn. Fierders wie er wedstriidlieder by WK's en EK's, haad seksje wedstriidsilen fan it Wettersportbûn en achttjin jier wedstriidlieder by de KWS-Schuttevaerrace, dy't er ien kear wûn.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: