Ripperdastate wie in state besuden de tsjerke fan Boarnwert yn de gemeente Dongeradiel. Besuden Boarnwert leinen twa states by in terp, de eastlike wie Ripperda. Op it plak fan de state stiet no in pleats.

Ripperda, eardere stinswier

Mooglik binne twa haadlingen Ripperda, dy't yn 1422 en 1444 yn Dongeradiel neamd wurde, hjirmei yn ferbân te bringen. Yn 1422 waarden earst Willeke Roorda (Ginnum), Gherbet Cammingha (Ferwert), Syppe Nyttynghe (Moarre?), Ryppert Rypperde, Meynold Ubbynghe, Syric Mellama (Eastrum), Focko Ropta (Mitselwier), Saspet (Stenstera) te Foudgum en dan Douwe Siuxma (Waaksens), Yweke Wybalda (Mitselwier) en Azeghe te Boarnwerterhuzen as Skieringer haadlingen neamd dy't mei Fokko Ukena in ferbûn slueten. Ostfriesisches Urkundenbuch, I, nr. 302. Yn 1444 tekene Abbo Ripperda mei oare Dongeradielster haadlingen in ferdrach mei Grins. Pax, nr. 10. Wennen Rippert en Abbo Ripperda op Ripperda by Boarnwert?

De state dy't bekend stiet as Ripperda wie yn 1640 eigendom fan jonker Aleff Aggama. It stimkohier fan 1698 boekte de kinderen en erven van Hobbe Esaias van Aylva in leven Grietman van Oostdongeradeel as mienskiplike eigener fan it goed dat yn 1700 50 pûnsmiet (rom 18 hektare) grut wie en brûkt waard troch Foecke Jouckes. Yn 1728 wie de state ferdwûn en de pleats eigendom fan Folkert Sjoerds dy't him ferhierde oan de widdo fan Boele Sipkes.

Direkt benoardeasten it hiem fan en op it lân jout de kaart fan Schotanus yn 1718 in wier oan. De Tegenwoordige Staat seit oer 1787: weleer waren hier ook verscheiden adelyke staten, onder anderen eene te zuiden der kerke, alwaar nog een boerenhuis met een wier overig is.

Eigeners/Bewenners
  • 1422 Ryppert Rypperde ?
  • 1444 Abbo Ripperda ?
  • 1640 Aleff Aggama
  • 1698 Esaias fan Aylva erven
  • 1728 Folkert Sjoerds

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: