Roberto Heras
Roberto Heras Hernández (Béjar, 21 febrewaris 1974) is in earder Spaansk hurdfytser en wie fjouwer kear winner fan de Omgong fan Spanje. Dêrneist wûn er ien kear de Omgong fan Kataloanje.
Roberto Heras | ||
sporter | ||
Heras.jpg (2005) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Roberto Heras Hernández | |
nasjonaliteit | Spaansk | |
bertedatum | 21 febrewaris 1974 | |
berteplak | Béjar | |
lingte | 171 sm | |
gewicht | 59 kg | |
sportive ynformaasje | ||
sport | Hurdfytsen | |
ûnderdiel | Klimmer | |
debút | 1995 | |
karriêre-ein | 2005 | |
wichtige prestaasjes | ||
Omgong fan Spanje (2000, 2003-2005) (4x) |
Karriêre
bewurkje seksjeAs hurdfytser by de amateurs foel Heras al op troch yn 1995 tredde te wurden by it nasjonale kampioenskip op 'e dyk. Ek waard er tredde by de Omgong fan Spanje foar amateurs.
Yn itselde jier waard Heras prof-hurdfytser by Kelme. Yn 2001 makke er de oerstap nei US Postal it team fan Lance Armstrong. Fan 2004 ôf wie Heras kopman yn it team fan Liberty Seguros. Hy waard sjoen as kânshawwer om Armstrong fan syn sechsde giele trui ôf te hâlden yn de Omgong fan Frankryk fan 2004, mar moast fanwegen sykte opjaan. Ek yn de Omgong fan Frankryk 2005 ried er teloarstellend.
Benammen de Omgong fan Spanje lei him goed. Njonken in tredde en in twadde plak, behelle er sawol yn 2000, 2003, 2004 as yn 2005 de oerwinning, wêrmei't er rekôrhâlder fan it tal einoerwinnings oant no ta (2022) waard.
Yn novimber 2005 die bliken dat er yn de ôfslutende tiidrit fan de Omgong fan Spanje posityf teste wie op erytropoëtine, better bekend as epo. Yn febrewaris 2006 waard bekend dat Heras foar twa jier útsletten wurde soe. It betsjutte de ein fan syn karriêre as hurdfytser. Op 29 desimber 2007 kundige Roberto Heras offisjeel syn ôfskied fan de hurdfytssport oan.
Op 24 juny 2011 waard bekend dat Heras syn oerwinning fan 2005 weromkrige.[1] In Spaansk Hof bepaalde, dat de oanbelangjende bloedstalen net goed bewarre wiene, en dêrom gjin bewiis opsmite koene. Heras begûn in proseduere om skeafergoeding, en op 9 maaie 2017 waard Heras troch it Heechgerjochtshof in bedrach ta fan 725.000 euro takend, de helte fan syn jiersalaris yn 2005 [2]
Dielnimming oan grutte omgongen
bewurkje seksjeDielnimming oan de Omgong fan Frankryk
bewurkje seksjeDielnimming oan de Omgong fan Spanje
bewurkje seksje- 1997 - 5e; winner 12e etappe
- 1998 - 6e; winner 19e etappe
- 1999 - 3e;
- 2000 - 1e; winner 6e en de 15e etappe.
- 2001 - 4e;
- 2002 - 2e; winner 6e en de 15e etappe
- 2003 - 1e; winner 20ste etappe.
- 2004 - 1e; winner 12e etappe.
- 2005 - 1e; winner 6e en de 15e etappe.
Dielnimming oan de Omgong fan Itaalje
bewurkje seksje- 1999 - 5e; winner 21ste etappe.
Ploegen
bewurkje seksje- 1994–2000 - Kelme
- 2001–2003 - US Postal
- 2004–2005 - Liberty Seguros
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|