Robin Meade
Robin Meade (folút: Robin Michelle Meade; New London (Ohio), 21 april 1969) is in Amerikaansk sjoernaliste, nijslêzeresse, ferslachjouster, sjongster en earder model. Hja wie Miss Ohio yn 1992 en is sûnt jier en dei wurksum by de Amerikaanske nijsstjoerder HLN, dy't ta CNN heart. Yn 1995 wûn Meade in Emmy Award mei har ferslachjouwing oer in slim ferkearsûngemak. Yn 2011 brocht se as sjongster har earste country-album út.
Robin Meade | ||
tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Robin Michelle Meade | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 21 april 1969 | |
berteplak | New London (Ohio) | |
etnisiteit | Angelsaksysk Amerikaansk Yndiaansk | |
wurkpaad | ||
wurksum as | sjoernaliste, nijslêzeresse, ferslachjouster, sjongster | |
medium | tillefyzje | |
wurksum by | HLN, CNN, OWN | |
bekend fan | Morning Express | |
jierren aktyf | 1993 – no | |
prizen | Emmy 1995 | |
offisjele webside | ||
www.robinmeadeofficial.com |
Libben en karriêre
bewurkje seksjeJonkheid en oplieding
bewurkje seksjeMeade waard yn 1969 berne yn New London, yn 'e Amerikaanske steat Ohio. Hja is fan mingd Angelsaksysk Amerikaansk en Yndiaansk etnysk komôf. Se genoat har ûnderwiis oan 'e Malone Universiteit yn Canton (Ohio) en de Ashland Universiteit yn Ashland (Ohio), dêr't se as haadfak radio- en tillefyzjeproduksje, -programmatuer en -presintaasje hie, en as byfak politikology. Yn 1991 studearre se ôf mei in bachelortitel. Neitiid naam se diel oan ferskate skientmewedstriden, en yn 1992 waard se útornearre as Miss Ohio. Itselde jiers krong se by de Miss America-wedstryd troch oant yn 'e heale finales. Op 6 novimber 1993 troude se mei Tim Yeager.
Sjoernalistike karriêre
bewurkje seksjeMeade begûn har sjoernalistike karriêre as ferslachjouster by de pleatslike tillefyzjestjoerder WMFD-TV yn Mansfield (Ohio). Neitiid klom se op ta ferslachjouster en nijslêzeresse by WCMH-TV yn Columbus en WJW-TV yn Cleveland. Ut Ohio ferfear Meade nei Floarida, dêr't se in baan krije koe as lêzeresse fan it moarnsnijs op 'e stjoerder WSVN-TV yn Miami. Teffens wie se dêr wurksum as ferslachjouster mei as spesjaliteit ûnderwerpen dy't mei sûnens te krijen hiene. Yn 1995 kearde Meade werom nei it noarden om by de stjoerder WMAQ-TV yn Chicago te wurkjen as fêste lêzeresse fan 'e nijsbulletêns moarns en yn 'e wykeinen.
By WMAQ tsjinne Meade ek as algemien ferslachjouster. Yn 1995 wûn se yn dy hoedanichheid in Emmy Award foar regionale tillefyzjesjoernalistyk mei har ferslachjouwing fan in botsing fan in autobus mei in trein by Fox River Grove, yn Illinois, wêrby't sân deaden en 24 ferwûnen foelen. Letter waard se nochris nominearre foar sa'n Emmy foar har reportaazje oer hoe't men ferwûnings foarkomme kin by in lichte fleantúchcrash. Foar WMAQ fersloech Meade fierders ek de Olympyske Spullen fan 1996 yn Atlanta, wêrby't se û.m. in reportaazje makke oer de bomoanslach op it Centennial Olympic Park.
Neitiid joech Meade har yn 2001 by HLN, in Amerikaanske nasjonale nijsstjoerder dy't doedestiden noch bekendstie as CNN Headline News. Dêrfoar wennet se sûnt dy tiid yn Atlanta, en wurket se fanút it CNN Center, it haadkertier fan CNN dêre. Meade is by HLN de fêste nijslêzeresse fan it programma Morning Express with Robin Meade, dat troch de wike op 'e moarn útstjoerd wurdt. Dêrby wurket hja gear mei û.m. Bob Van Dillen en Jennifer Westhoven.
Oare beuzichheden
bewurkje seksjeMeade publisearre yn 2009 it boek Morning Sunshine! How to Radiate Confidence and Feel It, Too ("Moarntydssinneskyn! Hoe't Men Selsfertrouwen Utstrielje en It Ek Fiele Kin"), dat yn 'e bestsellerlist fan 'e New York Times kaam te stean. Sels hat se dy publikaasje omskreaun as in "non-fiksje/ynspirasjoneel/autobiografysk boek".
Fierders is Meade yn 'e mande mei dokter Phil McGraw, Suze Orman en doker Mehmet Oz ek presintatrise fan it programma Ask Oprah's All Stars, op OWN, de stjoerder fan Oprah Winfrey.
Sjongkarriêre
bewurkje seksjeOp 21 juny 2011 sette Meade njonken har sjoernalistike karriêre útein mei in nij wurkpaad as sjongster fan countrymuzyk, doe't se har debútalbum Brand New Day útbrocht. In single dêrfan, mei as titel Dirty Laundry, waard ek los publisearre. Meade stie mei dizze nije draai oan har karriêre op 'e omslach fan it tydskrift Making Music fan jannewaris/febrewaris 2011. Binnenyn fertelde se yn in artikel oer har ûnderfinings yn 'e muzykyndustry en oer har oankommende album. Yn 2013 brocht Meade har twadde album út, ûnder de titel Count on Me.
Diskografy
bewurkje seksje- albums
- 2011 – Brand New Day
- 2013 – Count on Me
- singles
- 2011 – Dirty Laundry
- 2013 – Get Up
Keppelings om utens
bewurkje seksje- (in) Offisjele webside fan Robin Meade
- (in) Folsleine filmografy fan Robin Meade yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|