Asperzje-ôfsetting

(Trochferwiisd fan Rommelspargel)

In asperzje-ôfsetting is de fral yn rûnten fan definsje brûkte namme foar in beskate soarte tankkearing. Nederlân hie al yn 1939 en 1940 asperzje-ôfsettingen oanlein. Letter waarden se troch de Dútsers in protte tapast by de oanlis fan de Atlantikwall yn 1943. Yn it Dútsk wurde sy "Rommelspargel" neamd, nei fjildmaarskalk Erwin Rommel. De bedoeling fan de Dútsers mei dit ferdigeningswurk wie benammen om reau dat fan it wetter kaam (amfibyweinen) te kearen. Asperzje-ôfsettingen waarden ek wol ûnder wetter oanlein, om sa de skipfeart ûnder de kust te behinderjen.

Asperzje-ôfsetting by Muiden
Asperzje-ôfsetting by Mill, Noard-Brabân, dy't op 10 maaie 1940 in Dútske trein út de rails rinne liet. No in ryksmonumint

In tal peallen of pylderkes, meast puntich, waard skean nei foaren yn in rige yn de grûn stutsen en behindere sa de trochgong fan pantser- of oar reau. De kearings wiene makke fan spoarrails, profylstielen balken of houten peallen dy't soms ek noch yn in betonnen sokkel getten waarden om foar te kommen dat sy al te gau omfalle soene. De asperzjôfsetting koe ek as brûkt wurde om diken ticht te setten, mar wienen letter moeilik fuort te heljen at de wjerheaken yn de kokers útklapt wienen. Underoan de punt fan de 'asperzje' wie faak in lânmyn fêstmakke, sadat reau net allinne keard waard, mar ek skansearre as ferneatige waard, at it der tsjinoan ried.

Keppeling om utens

bewurkje seksje