Ronnie Venema
Ronny Venema (Meppel, 16 oktober 1974) is in Nederlânsk âld-fuotballer en manager.
Ronny Venema begûn te fuotbaljen by Old Forward yn Wilhelminaoord, it plak dêr't hy ek opgoeide. By Old Forward sette hy in soad goals. Nei in koart útstapke nei Havelte, kaam hy by it Noardwâldster Olyphia, omdat hy sûnt 1987 nei de Mafû yn Noardwâlde gie.
Venema waard ûntdekt troch SK It Hearrenfean en makke de oerstap nei de jeugdoplieding fan de club út it Fryske Haachje. Dêrfoar hie hy by Olyphia, ûnder lieding fan trainer Arie Flobbe, al syn debút yn it earste alvetal makke. Flobbe wie as âld-fuotballer fan de grien-witen ek as trainer súksesfol as opfolger fan Jan Vrind út Wolvegea, dy't mei Olyphiadegradearre wie en yn syn twadde jier hast wer degradearre. Venema wie oars net de ienichste spiler dy't fan Olyphia naar de Hearrenfeanske jeugdoplieding gie, want syn klasgenoat en goede freon Johnny Jansen út Noardwâlde gie mei him mei.
Ronny Venema debutearre op 2 april 1995 yn it earste alvetal fan It Hearrenfean yn de Nederlânske kompetysje, thús tsjin Ajax. De wedstryd einige yn 3-3 en Ronny spile as rjochtsback tsjin ynternational Marc Overmars. Ole Tobiasen út Denemark blykte in noch bettere rjochtsback en hy keas derfoar om nei Veendam te gean, wêrby't It Hearrenfean-foarsitter Riemer van der Velde him alle meiwurking ferliende. Trije jier letter helle Van der Velde Venema werom.
Sûnt 1999 spile Venema as fêste rjochtsback mei by It Hearrenfean. Yn syn debútseizoen nei syn weromkommen waard It Hearrenfean yn 2000 fuort twadde, en mocht it meidwaan oan de Champions League. Yn in poule mei Olympique Lyonnais, Olympiakos Piraeus en Valencia CF kaam Heerenveen tekoart, al hie it Champions League-avontoer foar Venema wol in plesierige ôfrin, want yn it lêste duel yn Valencia skeat hy mei in ôfstânsskot SK It Hearrenfean neist de Spaanske topploech, en by dy 1-1 bleau it.
Venema wie jierrenlang in fêste basispiler as rjochtsback fan It Hearrenfean, mar hy krige yn it begjin fan it seizoen 2003/'04 te krijen mei ljiskblessueres. Said Bakkati naam syn plak yn, en yn maart 2004 krige hy fan Riemer van der Velde te hearen - hy wie noch hieltiten blessearre - dat It Hearrenfean syn kontrakt net ferlinge soe. Yn dizze jierren wie hy ek aktyf as jeugdtrainer by fuotbalferiening Havelte, syn eardere klup. Letter fûn er ûnderdak yn Ljouwert by Cambuur Ljouwert, dêr't hy yn syn earste seizoen mar 14 kear meidie yn de Gouden Gids Difyzje, wer troch in blessuere. Yn it seizoen 2005/06 kwam Venema wer hielendal werom by Cambuur. Trainer Roy Wesseling mkke him sels oanfierder. Nei dit minder súksesfolle jier by Cambuur en in oanfarring mei trainer Wesseling rekke Venema út de graasje. Sûnt de simmer fan 2006 oant 2009 spile hy foar sneinhaadklasser MSC Antaris út Meppel, ek syn jongere broer Johnny spile foar dizze klup. Mei yngong fan de simmmer fan 2010 sil Venema assistint-trainer/spiler wurde by 5e klasser ff Havelte. Neist de fuotbalaktiviteiten by ff Havelte is Venema werom by syn âlde leafde SK It Hearrenfean, hy wurket dêr as kommersjeel manager.