Roomsk-Katolyk Begraafplak Sint Martinustsjerke

It Roomsk-Katolike Begraafplak Sint-Martinustsjerke leit yn de Swettebosk oan de Ljouwerterdyk yn de stêd Snits.

It tsjerkhôf is yn 1892 iepene, foar dy tiid waard gebrûk makke fan it Algemien begraafplak. It tsjerkhôf is part fan de mienskip fan de Sint-Martinustsjerke.

Ryksmonuminten

bewurkje seksje

It kompleks is in ryksmonumint. Underdielen op it tsjerhôf mei in ôfsûnderlike monumintestatus binne de kapel, de kalvaryberch, it tagongsstek (de earste trije binne in ûntwerp fan J.W. Boerbooms), it grêfmonumint fan de famylje Rooswinkel, it grêfmonumint fan de famylje Visser en it grêfmonumint fan keapman Martinus Lampe (1842-1895).

De kapel op it begraafplak stiet yn de súdwestlike hoeke fan it hôf en is boud yn 1892. De kapel is boud yn neogoatyske styl. It gebou is yn 1990 folslein renovearre. De klok (anno 1740) fan de kapel komt út de yn 1842 ôfbrutsen Easterpoarte.

Kalvarygroep

bewurkje seksje

De kalvary is ek oansteld as ryksmonumint. De byldegroep is makke yn 1893 foar atelier De Roo. By de kalvary lizze de grêfstiennen fan deken Th. Brouwer ( † 1905), pastoar A.A. van Eyndhoven (út Heech), pastoar B.T. Stoverinck († 1930) en deken J. v. Galkom († 1964).

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: