Sint-Martinustsjerke (Snits)
De Sint-Martinustsjerke yn Snits is in roomsk-katolyk neogotyske pseudo-basilikale krústsjerke en is wijd oan de hillige Martinus fan Toers.
It bouwurk út 1872 waard ûntwurpen troch de arsjitekt Pierre Cuypers. It is lykwols ûnfoltôge bleaun. De tsjerke hat gjin toer. It tsjerkoargel út 1891 waard boud troch Maarschalkerweerd & Soan út Utert. De brânskildere ramen binne makke troch F. Nicolas.
By de tsjerke stiet ek in klokkestoel.
Sjoch ek
bewurkje seksjeKeppeling om utens
bewurkje seksjeOfbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Sint-Martinustsjerke, Snits fan Wikimedia Commons. |