Rosenmontag
Rosenmontag is yn it Rynlân en Ryn-Hessen yn Dútslân it hichtepunt fan 'e karnavalstiid. De dei falt op de moandei foar jiskewoansdei en leit tusken de karnavalssnein en karnavalstiisdei.
Wylst der op de saterdei en snein foar de Rosenmontag en de tiisdei nei de Rosenmontag op in soad lytsere plakken optochten organisearre wurde, wurde yn 'e karnavalsbolwurken Keulen, Bonn, Düsseldorf en Mainz en yn oare gruttere plakken op Rosenmontag yndruk meitsjende optochten organisearre. Foar in soad minsken bestjut Rosenmontag in frije dei, mar it is yn gjin dielsteat in offisjele feestdei.
Namme
bewurkje seksjeNei't Napoleon in ein makke oan it fieren fan karnaval, fral yn it Rynlân, waard it karnaval nei it Weenske Kongres yn 1815 wer ynsteld. Yn Keulen waard in 1823 in komitee oprjochte, dy't in reglemint foar it feest fêststelde. It komitee soe tenei alle jierren gearkomme yn 'e fêsteltiid, op 'e moandei nei snein laetare. Sûnt de 11e iuw wurdt snein leatare regionaal ek Rosensonntag neamd, om 't op dy dei de paus in Gouden Roas segene en dy takende oan immen dy't him fertsjintlik makke hie.
In oare ferklearring stiet yn it Dútske Wurdboek fan 'e bruorren Grimm. Neffens har is de namme ôflaat fan it Middelheechdútske wurd Rasenmontag, wyldsinnige moandei. It wurdboek bringt Rosenmontag werom nei rasen, yn it Keulske dialekt rose, itjing healwiizje betsjut.
Yn it súdwestlike diel fan Dútslân en dielen fan Switserlân wurdt Rosenmontag Fasnetmontag neamd. Ek dêr binne bolwurken te finen mei grutte optochten. Yn Switserlân hjit de dei fral yn Luzern en sintraal Switserlân Güdis-Mäntig.
Datum
bewurkje seksjeDe datum fan Rosenmontag leit altiten 48 dagen foar de Peaskesnein en wurdt, lykas by in soad kristlike dagen mei in bysûndere funksje yn it liturgyske jier, berekkene neffens de Peaskeformule fan de net op in fêste dei fierde Peaskesnein .
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis de:Rosenmontag
|