De roumantel of keningsmantel (Nymphalis Antiopa) is in soarte yn it skaai fan de foksflinters of grutte foksflinters (Nymphalis).

roumantel
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme lidpoatigen (Arthropoda)
klasse ynsekten (Insecta)
skift flinters (Lepidoptera)
famylje aureliaflinters (Nymphalidae)
skaai foksflinters (Nymphalis)
soarte
Nymphalis antiopa
Linnaeus, 1758
IUCN-status: net bedrige

De roumantel stiet op de Nederlânske reade list oanjûn as ferdwûn. It is dan ek in beskerme soart. Dat nimt net wei dat der alle jierren wol in pear swerfflinters sjoen wurde. Soms oerwinterje se ek yn Nederlân. Yn 1995 wie der sels sprake fan in ynvaazje. Ek yn 2006 binne der in soad roumantels sjoen. It is noch ôfwachtsjen oft se har fêstige hawwe. Faak binne se te finen by boskrânen, iepen plakken en brede paden yn 'e bosk. It is in swermlustige soarte.

De flinter is maklik wer te kennen. De wjuklingte is likernôch 30 oant 35 mm. Flinters dy't oerwintere hawwe, hawwe in wite râne om de wjukken. De flinter oerwinteret op plakken dêr't er drûch sitte kin, lykas holle beammen en grotten.

Fleantiid: Fan ein maart oant mids septimber. De roumantel fljocht altyd yn ien generaasje.

De rûp kin 55 mm lang wurde. It liif is swart mei fine wite stipkes. Op de rêch hat er brune plakken. De toarns binne lang en swart. De rûpen libje in grutte groepen byelkoar yn rûpenêsten. Folwoeksen rûpen libje allinnich. De groeiperioade fan de rûp is yn de foarsimmer.

De rûp fret: wylch, popelier, bjirk en prunus.