Round Valley Yndianereservaat

It Round Valley Yndianereservaat (Ingelsk: Round Valley Indian Reservation) is it Yndianereservaat fan 'e federaal erkende Round Valley Yndianestammen (Round Valley Indian Tribes) yn Mendocino County, yn it noardwesten fan 'e Amerikaanske steat Kalifornje. Yn dit reservaat wenje sûnt de twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw in stikmannich ûnderskate Yndiaanske etnyske groepen gear. It haadplak is it doarp Covelo, dat bûten it eigentlike reservaat leit.

Round Valley Yndianereservaat
Round Valley Indian Reservation
De Ielrivier yn 'e Round Valley.
De Ielrivier yn 'e Round Valley.
polityk
haadplak Covelo (Kalifornje)
stamme  Round Valley Ynd.stammen
lân Feriene Steaten
steat Kalifornje
county Mendocino County
sifers
ynwenners 300 (2000)
oerflak 93,9 km²
bef.tichth. 3,2 / km²
oar
stifting 1870
tiidsône UTC –8
simmertiid UTC –7
webside www.rvit.org
kaart
De Ielrivier yn 'e Round Valley.
Yndianereservaten yn noardlik Kalifornje. It Round Valley Yndianereservaat is werjûn yn read.

It Round Valley Yndianereservaat leit foar it meastepart yn Mendocino County, yn it heuvelige noardwesten fan 'e Amerikaanske steat Kalifornje, net fier fan 'e Pasifyske kust ôf. In lyts diel fan it reservaat stekt út oer de súdgrins hinne fan 'e oanswettende Trinity County. De geografyske koördinaten fan it reservaat binne 39°53′34″ noarderbreedte by 123°19′44″ westerlingte. It Round Valley Reservaat beslacht yn totaal in oerflak fan 93,9 km², wêrfan't mear as twatrêde part bestiet út bûtenreservaatsk beheargebiet. Binnen de himrik fan it doarp Covelo leit 1,6 km² fan dat beheargebiet.

Neffens gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2000 wennen der doe 300 minsken yn it Round Valley Reservaat, wêrfan 99 yn Covelo. Dat komt del op 26,7% fan 'e goed 1.100 leden fan 'e Round Valley Yndianestammen. De befolkingstichtens yn it reservaat wie yn 2000 3,2 minsken de km². It haadplak fan it Round Valley Yndianereservaat is it doarp Covelo, dat bûten it eigentlike reservaat leit, en dat yn 2010 in ynwennertal hie fan krapoan 1.300 minsken.

It Round Valley Yndianereservaat begûn yn 1856 as de Nome Cult Farm, in bestjoerlike dependânse fan it Nome Lackee Yndianereservaat. Dat reservaat, dat oan 'e noardwestlike râne fan 'e Sintrale Delling lei, wie ien fan 'e fiif reservaten dy't yn 1852 troch it Amerikaanske regear stifte wiene foar de lânseigen befolking fan Kalifornje. De Nome Cult Farm lei yn in krite dêr't de Yndianen yn 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw swier troffen waarden troch etnyske suverings en genoside, begien troch blanke kolonisten, benammen ûnder de Bald Hills-oarloch fan 1858-1864 en de Mendocino-oarloch fan 1859-1860.

Yn 'e Nome Cult Farm waarden op lân dat oarspronklik fan 'e Jûky (Yuki) wie, leden fan ferskate etnyske groepen gearbrocht, sadat it lân fan dy folken sels frijkaam foar kolonisaasje troch de blanken. Dêrûnder wiene Atsjomawy (Pit River of Achomawi), Kato (Cahto), Maidû (Maidu), Nomlaky (Nomlaki), Pomo en Wailaky (Wailaki). In protte fan dy folken wiene fan âlds fijannen, wat de sitewaasje yn it reservaat der yn 't earstoan allinnich mar dreger op makke.

Yn 1870 makke de Amerikaanske presidint Ulysses S. Grant de Nome Cult Farm ta in selsstannich reservaat op grûn fan 'e Wet op de Fjouwer Reservaten, dy't yn 1864 troch it Amerikaanske Kongres oannommen wie. Yn 't earstoan waard it nije reservaat oantsjut as de Covelo Yndianemienskip (Covelo Indian Community). Nei 1887 waard ûnder de Wet-Dawes it mienskiplik grûnbesit fan 'e stammen ferparte ûnder yndividuële Yndianen. Under de Wet op de Yndiaanske Reorganisaasje, fan 1934, namen de Round Valley Yndianestammen har hjoeddeiske bestjoerlike foarm oan.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.