De Kato (Ingelsk: Cahto of Kato), ek wol Kaipomo neamd, binne in lânseigen Yndiaansk folk út it heechlân yn it noarden fan 'e Amerikaanske steat Kalifornje. Harren taal, it no útstoarne Kato, hearde ta de Atapaskyske taalfamylje. De Kato wiene nea botte machtich, en tsjintwurdich binne der noch mar 350 fan harren oer. De Kato wiene fan âlds de meast súdlikste fan 'e Atapaskyske folken oan 'e Pasifyske kust, en harren kultuer lit sadwaande in ferminging sjen fan 'e kultueren fan harren Yndiaanske buorfolken yn noardlik Kalifornje en fan dy fan 'e folken fan 'e Noardwestkust.

Kato
Cahto
flagge
populaasje
oantal 350 (2010)
taal Kato(no Ingelsk)
godstsjinst kristendom, natoerreligy
erkenning
steatsdragend folk gjin eigen steat
erkende minderheid Feriene Steaten
fersprieding
Feriene Steaten: 350

De namme Cahto komt út it Noardlik Pomo en betsjut "mar". Dêrmei waard ferwiisd nei ien fan 'e wichtichste histoaryske delsettings fan 'e Kato, it doarp Djilbi, dat oan in mar lei.

Hoewol't dúdlik is dat de Kato nea botte machtich west hawwe, rinne de skattings oer harren oantal yn it prekoloniale tiidrek útinoar. De ferneamde etnolooch en antropolooch Alfred L. Kroeber tocht yn 1925 dat der omtrint 1770 sa'n 500 Kato west hiene; yn 1956 hold syn kollega Sherburne F. Cook it op 1.100, wylst James E. Myers him yn 1978 by Kroeber oansleat mei in skatting fan 500.

Hjoed de dei binne de etnyske Kato oansletten by ien fan twa ûnderskate federaal erkende stamme-organisaasjes: de Kato Yndianestamme fan de Laytonville Rancheria en de Round Valley Yndianestammen. By de Amerikaanske folkstelling fan 2010 joegen 259 minsken op ta de Kato Yndianestamme te hearren. De Round Valley Yndianestammen binne gearstald út ferskate lytse etnyske groepen, wêrfan't de Jûky (Yuki) de grutste foarmje. Der binne lykwols ek Atsjomawy, Kato, Maidû, Nomlaky, Pomo en Wailaky by dy stamme oansletten. Dêrby leit it tal Kato nei alle gedachten ûnder de hûndert. Yn totaal bringt dat de Kato-populaasje fan 2010 op in oantal fan likernôch 350 minsken.

De Kato libben fan âlds it fierst nei it suden ta fan alle Atapaskyske folken oan 'e Pasifyske kust. Harren wengebiet besloech de Cahto Valley en de Long Valley en fierders al it lân besuden Blue Rock dat tusken de beide fertakkings fan 'e Ielrivier yn noardlik Kalifornje lei. Dat is in gebiet fan gloaiende heuvels en savanne begroeid mei ikebeammen, en wurdt trochsnien troch beekjes dy't by 't simmer frijwol drûchfalle, mar yn reinige winters feroarje yn boalderjende streamen.

De earste Jeropeaan dy't it wengebiet fan 'e Kato oandie, wie de Spaanske ûntdekkingsreizger Juan Rodríguez Cabrillo, yn 1542, hoewol't ûnbekend is oft dy kontakt makke hat mei de Kato. Neitiid hearde noardlik Kalifornje oant 1821 by de Spaanske koloanje Nij-Spanje, en dêrnei noch in fearnsiuw by Meksiko, mar noch de Spanjerts, noch de Meksikanen bekroaden har in protte om it uterste noarden fan harren grûngebiet. Oan 'e ein fan 'e Meksikaansk-Amerikaanske Oarloch moast Meksiko yn 1848 Kalifornje en it hiele Amerikaanske Súdwesten oan 'e Feriene Steaten ôfstean by it Ferdrach fan Guadelupe Hidalgo.

Neitiid setten har Amerikaanske kolonisten yn noardlik Kalifornje nei wenjen, en nettsjinsteande de fêstiging fan ferskate reservaten yn dat gebiet, late de kolonisaasje dêr ta in weach fan geweld. Dêrby begiene de Amerikanen, en yn 't bysûnder de saneamde 'Eel River Rangers' fan Walter S. Jarboe, dy't soldij ûntfongen fan 'e steat Kalifornje, guon fan 'e slimste oarlochsmisdieden tsjin 'e Yndianen út 'e skiednis fan 'e steat. Benammen ûnder de saneamde Mendocino-oarloch fan 1859-1860 gie it der raar om-en-ta, en waarden hûnderten Yndianen sûnder oansjens des persoans út 'e wei romme. Neitiid bestie der yn noardlik Kalifornje oant fier yn 'e tweintichste iuw in segregaasje tusken Yndianen en blanken dy't dy tusken de blanken en de swarten yn it Amerikaanske Suden net wanlyk wie.

 
In Kato-frou, om 1900 hinne fotografearre troch Richard S. Curtis.

De Kato wiene yn dy tiid twongen om mei oare folken yn it Round Valley Yndianereservaat te libjen, dat yn 1870 fuortkommen wie út 'e eardere Nome Cult Farm. Dat smiet nochal wat spannings op, om't de ûnderskate etnyske groepen dy't dêr ûnder twang troch de Amerikaanske autoriteiten op in protsje smiten wiene, faak tradisjonele fijannen wiene. Yn 1906 waard foar de Kato in eigen reservaat yn 'e foarm fan in rancheria stifte, de Laytonville Rancheria, deunby it doarp Laytonville.

Yn 'e iere achttjinde iuw libben de Kato ferspraat oer likernôch fyftich lytse doarpkes, elts mei har eigen opperhaad. It amt fan opperhaad wie yn 'e regel erflik, mar as in opperhaad sûnder libbene soannen stoar, waard in nije haadman keazen troch de oare doarpsleden. In opperhaad wie by de Kato de riedsman fan syn doarp, en hie gjin macht om syn wil oan syn minsken op te lizzen. Krektoarsom, as der in wichtige beslissing nommen wurde moast, waard fan him ferwachte dat er de (manlike) âldsten fan it doarp gearrôp om har dêroer te berieden. Nei't se de saak bepraat hiene, makke elts dan syn miening dúdlik, en it opperhaad fierde de konsensus út.

Njonken opperhaden hiene de Kato ek trije soarten medisynlju. De ŭtiyiņ genies sykten troch it ding dat de krupsje feroarsake hie, út it lichem te sûgen. De náchŭlna wie de genêzer fan sykten dy't feroarsake wiene troch boasaardige boskskepsels. En de chģháyiśh hie de macht om 'e takomst te foarsizzen út fizioenen dy't er yn dreamen ûndergie.

De Kato libben yn rûne, kegelfoarmige wenten fan hout, skors en gers, dy't heal yn 'e ûndergrûn útgroeven wiene. Yn 'e winter bewennen soms wol trije gesinnen ien sa'n krap hûs. It iennichste húsdier dat de Kato koene, wie de hûn, dy't se brûkten om travois te lûken. De gebrûksfoarwerpen makken de Kato fan stien, bonke, hoarn, hout en hûden, sa't de oare lânseigen folken fan noardlik Kalifornje dat ek diene.

It wie by harren wizânsje dat de froulju fan in doarp jûns by goed waar gearkamen om te sjongen; de manlju namen dêr gjin diel oan, mar harken inkeld ta. Harren tradisjonele kledaazje bestie foar sawol manlju as froulju út in loaide hartehûd dy't om 'e mul slein waard. Op 'e holle waard in straksittend breide mûtske droegen om it yn 'e nekke ta in knotsje gearbondele hier op syn plak te hâlden. Sawol manlju as froulju hiene tatoeaazjes yn it gesicht en op it boarst.

Sawol de jonges as de famkes ûndergiene yn 'e puberteit in inisjaasjeritueel. Houliken waarden beävensearre tusken de beide partners sûnder dat wa oars ek dêr wat oer te sizzen hie. Mank de Kato koene houliken ek maklik ûntbûn wurde, want beide partners koene foar lykfol hokker reden har spul oppakke en fuortgean. As soks barde, bleaune de soannen by de heit en de dochters by de mem. Oerhoer waard net beskôge as wat dat bestraft wurde moast, al koe it wol in ein oan in houlik meitsje. De Kato begroeven harren deaden, en by in sokke begraffenissen waard folop skriemd. Mar it ôfdekken fan it grêf markearre de ein fan 'e rouperioade, en it folk dat skriemend nei it grêf ta gien wie, kaam fleurich wer werom.

De natoerreligy fan 'e Kato draaide om twa goaden, Chénĕśh (of T’cenes), de skepper, dy't assosjearre waard mei tonger en wjerljocht, en Nághai-cho (of Nagaicho), de Grutte Reizger. De lêste wie in wat ûndogensk figuer, in soarte fan trickster, dy't yn 'e Kato-mytology allegeduerigen Chénĕśh oantrunet ta skeppende dieden, dêrby bearend as soed er dat sels ek wol kinne, as it him mar de muoite wurdich wie.

Ut harren mytology docht de dûbele ynfloed bliken dy't de Kato ûndergien hawwe, oan 'e iene kant fan harren buorfolken yn noardlik Kalifornje, mar teffens fan 'e kultuer fan 'e Noardwestkust, dêr't sy de súdlikste útrinner fan foarmen. Harren skeppingsmyte, bgl., kaam yn grutte halen oerien mei dy fan 'e omwenjende folken, mar de Kato hiene ek in oar ferhaal, dat oan 'e skepping foarôf gie, oer in ras fan bisteftige minsken dy't fan 'e ierde fuortspield waarden troch in soarte fan sûndfloed; dat is in tema dat karakteristyk is foar de mytology fan 'e Noardwestkust.

De lânseigen taal fan 'e Kato, it Kato, wie in Atapaskyske taal dy't ta de subgroep fan 'e Pasifysk-Atapaskyske talen hearde. Dizze taal, dy't yn 'e rin fan 'e 1960-er jierren útstoar, wie it naust besibbe mei it Hûpa (Hoopa), it Mattole (Bear River) en it Wailaky (Eel River). Fan âlds wiene de measte etnyske Kato twatalich en sprieken se ek Noardlik Pomo, wylst guon dêrnjonken ek noch it Jûky (Yuki) machtich wiene.

Stamme-organisaasjes

bewurkje seksje
federaal erkende stammen yn 'e Feriene Steaten
stamme etnyske groep(en) steat haadkertier populaasje opmerkings
  Kato Yndianestamme fan de Laytonville Rancheria
Cahto Indian Tribe of the Laytonville Rancheria
Kato Kalifornje Laytonville 260
  Round Valley Yndianestammen
Round Valley Indian Tribes
Atsjomawy, Jûky,
Kato, Maidû, Nomlaky,
Pomo en Wailaky
Kalifornje Covelo 1.120 wêrfan likernôch 90 Kato

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.