Sherburne F. Cook

Sherburne F. Cook (folút: Sherburne Friend Cook; Springfield (Massachusetts), 31 desimber 1896Monterey (Kalifornje), 7 novimber 1974) wie in foaroansteand Amerikaansk fysiolooch dy't heechlearaar yn dy stúdzjerjochting wie oan 'e Universiteit fan Kalifornje, Berkeley. Dêrnjonken wied er ek aktyf as antropolooch, argeolooch, skiedkundige en etnolooch.

Sherburne F. Cook
persoanlike bysûnderheden
echte namme Sherburne Friend Cook
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 31 desimber 1896
berteplak Springfield (Massachusetts)
stoarn 7 novimber 1974
stjerplak Monterey (Kalifornje)
etnisiteit Angelsaksysk Amerikaansk
wurkpaad
berop/amt fysiolooch
aktyf as antropolooch, argeolooch,
skiedkundige, etnolooch
jierren aktyf 19251974
bekendste
  wurk(en)
The Population of the
   California Indians

Libben en karriêre

bewurkje seksje

Cook waard yn 1896 berne yn Springfield, yn 'e Amerikaanske steat Massachusetts. Hy studearre fysiology oan 'e Universiteit fan Harvard, yn Cambridge yn Massachusetts, en tsjinne ûnder de Earste Wrâldoarloch oan it Westfront yn Frankryk. Yn 1925 behelle Cook syn doktoraat mei it proefskrift The Toxicity of the Heavy Metals in Relation to Respiration ("De Giftigens fan 'e Swiere Metalen mei Betrekking ta it Sykheljen"). Fan 1928 ôf wied er heechlearaar oan 'e Universiteit fan Kalifornje, Berkeley.

Behalven op 'e fysiology lei Cook him ek ta op 'e stúdzjes fan 'e antropology, folkekunde en skiedkunde. Dêrby konsintrearre er him op 'e prekoloniale skiednis fan Kalifornje. Hy kearde ferskate kearen werom nei it probleem fan it skatten fan 'e prekoloniale befolkingsgrutte fan 'e ûnderskate etnyske groepen fan 'e lânseigen Yndianen, wêrmei't er it wurk fan Alfred L. Kroeber fuortsette. Ek besocht er it tempo en de redens te efterheljen foar de ynkrimping fan 'e Yndiaanske befolking, en teffens ferdjippe er him yn 'e prekoloniale kultueren fan Meksiko.

Cook syn skattings fan 'e Yndiaanske befolkingsgrutte wiene oer it algemien oansjenlik heger as de skattings fan oare wittenskippers, en datoangeande is er dan ek net oan krityk fan syn kollega's ûntkomd. Fierders wied er in pionier op it mêd fan fjildmetoaden en kwantitative analyze yn 'e argeology. Cook gie yn 1966 mei pinsjoen, mar wurke ek dêrnei noch troch. Hy ferstoar yn 1974, yn 'e âlderdom fan 77 jier, yn Monterey, yn Kalifornje. Syn bekendste wurk is The Population of California Indians, 1769-1970, dat twa jier nei syn dea postúm publisearre waard.

Wurk (in kar)

bewurkje seksje
  • 1925 – The Toxicity of the Heavy Metals in Relation to Respiration (proefskrift)
  • 1935 – The Extent and Significance of Disease among the Indians of Baja California
  • 1948 – The Population of Central Mexico in the Sixteenth Century
  • 1971-1979 – Essays in Population History 1971-1979 (3 dielen, mei Woodrow Borah)
  • 1976 – The Conflict between the California Indians and White Civilization
  • 1976 – The Population of the California Indians, 1769-1970

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.