Laytonville Rancheria

De Laytonville Rancheria (Ingelsk: Laytonville Rancheria) is it Yndianereservaat fan 'e federaal erkende Kato Yndianestamme fan de Laytonville Rancheria (Cahto Indian Tribe of the Laytonville Rancheria) yn Mendocino County, yn it noardwesten fan 'e Amerikaanske steat Kalifornje. Dat reservaat, dat soms ek wol de Kato Rancheria (Cahto Rancheria) neamd wurdt, hat de foarm fan in rancheria. It haadplak is it doarp Laytonville, dat bûten it eigentlike reservaat leit.

Laytonville Rancheria
Laytonville Rancheria
polityk
haadplak Laytonville (Kalifornje)
stamme Kato Yndianestamme
lân Feriene Steaten
steat Kalifornje
county Mendocino County
sifers
ynwenners 188 (2011)
oerflak 1,1 km²
bef.tichth. 170,9 / km²
oar
stifting 1906
tiidsône UTC –8
simmertiid UTC –7
webside www.cahto.org
kaart
Yndianereservaten yn noardlik Kalifornje. De Laytonville Rancheria is werjûn yn read.

De Laytonville Rancheria leit likernôch 4½ km bewesten it doarp Laytonville, yn Mendocino County, deunby de Pasifyske kust fan noardwestlik Kalifornje. De geografyske koördinaten binne 39°40′09″ noarderbreedte by 123°30′02″ westerlingte. It reservaat beslacht in oerflak fan 264 acres, wat omrekkene 1,1 km² is of, sekuerder, 106,8 ha.

Neffens gegevens dy't datearje fan 2011 wennen der doe 188 minsken yn it Laytonville Rancheria. Dat komt del op 72,3% fan 'e 259 leden fan 'e Kato Yndianestamme fan de Laytonville Rancheria. De befolkingstichtens yn it reservaat wie yn 2011 170,9 minsken de km². It haadplak fan 'e Laytonville Rancheria is it doarp Laytonville, dat bûten it eigentlike reservaat leit, en dat yn 2010 in ynwennertal hie fan rom 1.200 minsken.

De Laytonville Rancheria is in rancheria dy't yn 1906 troch it Amerikaanske regear stifte waard foar de Kato, in Yndiaansk folk fan Atapaskysk komôf yn noardlik Kalifornje. It reservaat leit yn in krite dêr't de lânseigen befolking yn 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw swier troffen waard troch etnyske suverings en genoside fan 'e hân fan 'e blanke kolonisten, benammen ûnder de kweaferneamde Mendocino-oarloch fan 1859-1860. Foar't de Laytonville Rancheria stifte waard, wiene de Kato twongen om mei oare Yndiaanske etnyske groepen dy't fan âlds harren fijannen wiene, gear te libjen yn it Round Valley Yndianereservaat.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.