Kato Yndianestamme fan de Laytonville Rancheria
De Kato Yndianestamme fan de Laytonville Rancheria (Ingelsk: Cahto Indian Tribe of the Laytonville Rancheria) is in federaal erkende Yndiaanske stamme-organisaasje yn 'e Feriene Steaten, mei in eigen reservaat yn 'e steat Kalifornje. Dizze stamme bestiet út etnyske Kato (Cahto) en is fêstige yn it noarden fan Kalifornje, deun by de kust fan 'e Stille Oseaan. De Kato Yndianestamme bestiet as organisaasje sûnt 1906. It haadkertier is fêstige yn it doarp Laytonville.
Kato Yndianestamme fan de Laytonville Rancheria | ||
Ingelsk | Cahto Indian Tribe of the Laytonville Rancheria | |
flagge | ||
algemiene ynformaasje | ||
lân | Feriene Steaten | |
steat | Kalifornje | |
haadkertier | Laytonville (Kalifornje) | |
etnisiteit | Kato | |
ledetal | 259 (2010) | |
oprjochting | 1906 | |
status | federale erkenning | |
erkenning | Feriene Steaten | |
reservaat | ||
reservaat | Laytonville Rancheria | |
lokaasje | noardlik Kalifornje | |
oerflak | 1,1 km² | |
ynwennertal | 188 (2011) | |
offisjele webside | ||
www.cahto.org | ||
kaart | ||
Lokaasje fan it haadkertier fan 'e stamme yn Kalifornje.
|
Skiednis
bewurkje seksjeIt wengebiet fan 'e Kato wie yn 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw ien fan 'e kriten fan Kalifornje dêr't de lânseigen befolking it swierst te lijen hie ûnder etnyske suverings en genoside fan 'e hân fan 'e blanke kolonisten, benammen ûnder de kweaferneamde Mendocino-oarloch fan 1859-1860. Dêrtroch wiene de Kato twongen om har nei wenjen te setten yn it Round Valley Yndianereservaat, dêr't se mei oare Yndiaanske etnyske groepen gearlibje moasten dy't fan âlds harren fijannen wiene. Yn 1906 waard troch it Amerikaanske regear foar harren in apart reservaat stifte, de Laytonville Rancheria.
Demografy
bewurkje seksjeDe leden fan 'e Kato Yndianestamme fan de Laytonville Rancheria binne etnyske Kato (Ingelsk: Cahto of Kato), in lyts Atapaskysk folk dat fan âlds yn it heuvellân fan noardlik Kalifornje libbet. Neffens gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2010 hearden doe 259 minsken ta de Kato Yndianestamme. Dêrûnder wiene 167 lju dy't opjoegen folbloed-Kato te wêzen; 23 minsken dy't seine njonken harren Kato-etnisiteit ek noch ta ien (of mear) oare Yndiaanske etnyske groepen te hearren; 63 minsken dy't seine njonken har Kato-etnisiteit ek ta ien (of mear) blanke etnyske groepen te hearren; en 6 minsken dy't seine njonken har Kato-etnisiteit sawol ta ien of mear oare Yndiaanske as ta ien of mear blanke etnyske groepen te hearren. Under de 259 leden fan 'e Kato Yndianestamme moat in grut tal minderjierrigen wêze, mei't de stamme yn 2001 noch mar 90 stimberjochtige leden hie.
Reservaat
bewurkje seksjeIt reservaat fan 'e Kato Yndianestamme is de Laytonville Rancheria, in rancheria yn Mendocino County dy't yn 1906 troch it Amerikaanske regear foar de etnyske Kato stifte waard. Dit reservaat beslacht in oerflak fan 1,1 km² en hie yn 2011 in befolking fan 188 minsken. It haadplak is it doarp Laytonville, dat likernôch 4½ km mear nei it easten ta leit, bûten de grinzen fan it reservaat.
Bestjoer en foarsjennings
bewurkje seksjeDe Kato Yndianestamme fan de Laytonville Rancheria wurdt bestjoerd troch in stammeried dy't by mei geregelde tuskenskoften holden demokratyske ferkiezings keazen wurdt troch de leden fan 'e stamme. De stammeried bestiet út fjouwer leden, en wurdt laat troch in foarsitter. Fierders hat de Kato Yndianestamme in eigen húsfêstingsautoriteit en in eigen tribale plysje, dy't de wet hanthavenet yn it reservaat. De ekonomyske ûntwikkeling fan 'e stamme wurdt bekoste út 'e ynkomsten dy't fersoarge wurde troch it kasino fan 'e stamme, it Red Fox Casino, dat yn Laytonville stiet.
Flagge
bewurkje seksjeDe flagge fan 'e stamme waard yn 2013 oannommen en omfiemet in read fjild mei in wyt-mei-reade seame en yn 'e midden it tradisjonele piktogram dat foar it begryp 'mar' stiet (om't 'Kato' safolle betsjut as "folk fan 'e mar"). Oer it piktogram hinne stiet in bearepoat ôfbylde, mei't de bear foar de Kato ien fan 'e wichtichste toatems is.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side. |