Roxane van Iperen

Roxane van Iperen (Nymwegen, 11 juny 1976) is in Nederlands jurist en skriuwster.

Roxane van Iperen
skriuwer
Roxane van Iperen, 2018
Roxane van Iperen, 2018
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 1971
berteplak Nymwegen
wurk
sjenre Roman, kollumn
bekendste
  wurk(en)
Schuim der aarde, 't Hooge Nest
útjouwer Lebowski
jierren aktyf 2014 - no
offisjele webside
Hiemside

Libben en wurk

bewurkje seksje

Van Iperen wenne yn har jonkheid ûnder oare yn it Spaanske Málaga. Dêr gie se fan 1990 oant 1992 nei de Ingelske middelbere skoalle. Doe't se 16 wie ferhuze sy nei Sint-Michielsgestel, dêr't se yn 1995 har oplieding oan it Gymnasium Beekvliet dienmakke. Sy studearre rjochten oan de Universiteit fan Amsterdam en folge in beropsoplieding advokatuer. Fan 2001 ôf wurke se as jurist by NautaDutilh en yn it bedriuwslibben. Sûnt 2011 hat sy in saaklike advyspraktyk, De Pleitschrijver. Yn 2014 waard hja kollumnist by it glossy magazine Jackie. Letter wurke se as freelancer foar ûnder mear Vrij Nederland, Het Financieele Dagblad, Het Parool, De Morgen, De Correspondent en Follow the Money. Sûnt 2015 is sy foarsitter fan de Ried fan Advys fan it SIDN-fûns fan de Stichting Internet Domeinregistratie Nederland (SIDN). Yn 2016 wie hja gastkorrespondint Brazilië foar De Correspondent.

Yn 2016 ferskynde ek har debútroman Schuim der aarde, winner fan de Hebban Debútpriis. Yn 2018 folge ’t Hooge Nest oer de skiednis fan har hûs mei deselde namme yn Naarden, dêr't de Joadske susters Janny (1916-2003) en Lien Brilleslijper (1912-1988) ûnder de Twadde Wrâldoarloch in fersetssintrum en taflechtsoarde foar ûnderdûkers hiene. ’t Hooge Nest stie in jier oan ien wei yn de CPNB Bestseller 60. It boek waard oerset yn it Ingelsk (The Sisters of Auschwitz), Frânsk (Un refuge pour l'espoir), Spaansk (El último refugio), Italjaansk (L'Alto Nido) en Dútsk (Ein Versteck unter Feinden). De produksjemaatskippij fan Halina Reijn en Carice van Houten sil it boek ferfilmje.

Van Iperen hold op 4 maaie 2021 de literêre foarlêzing Stemmen uit het diepe by de deadebetinking yn de Nieuwe Kerk yn Amsterdam. Teffens skreau se it essay De genocidefax foar de boekewike fan 2021.

Op 25 july 2021 wie se gast yn it VPRO-telefyzjeprogramma Zomergasten.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: