Ryksboarch Cochem

De Ryksboarch Cochem (Dútsk: Reichsburg Cochem) is in hichteboarch yn 'e Dútske stêd Cochem (Rynlân-Palts). It kastiel leit 154 m boppe seenivo boppe de sted en tsjinne yn 'e midsiuwen as tolkastiel. Neffens aktueel ûndersyk waard it kastiel yn 'e earste helte fan 'e 12e iuw stifte.

Ryksboarch Cochem
Lokaasje
lân flagge fan Dútslân Dútslân
dielsteat Rynlân-Palts
plak Cochem
koördinaten 50° 8' N 7° 10' E
Skiednis
stifter Siegfried fan Ballenstedt (?)
stiftingsjier 1100-1150
boujier 1868-1877
ferneatiging 1689
Oars
type hichteboarch
Webside
reichsburg-cochem.de
Kaart
Ryksboarch Cochem (Rynlân-Palts)
Ryksboarch Cochem

Nei de ferneatiging fan it kastiel yn 'e 17e iuw waard it kastiel 200 jier letter troch de Berlynske keapman Louis Fréderic Jacques Ravené neffens de moade fan 'e kastielromantyk werboud. It Cochemer kastiel is in moai foarbyld fan in bouwurk dat yn neogoatyske styl yn it tiidrek fan it histoarisme boud waard.

 
It kastiel oan 'e Mûzel.

Neffens âlder ûndersyk waard oannommen dat it kastiel om 1000 hinne troch paltsgreve Ezzo stifte waard, mar dêr is fierder gjin bewiis fan. In faak neamd jiertal fan 1051 giet op in skinkingsoarkonde werom, dy't lykwols in ferfalsking út 1263 is.

Nei alle tinken wie Siegfried fan Ballenstedt de bouhear fan it kastiel Cochem. Dy wurdt doar it earst yn in troch syn soan Willem fan Ballenstedt opstelde oarkonde fan 17 maart 1130 neamd. Yn dy tiid hefte it kastiel al tol foar de skippen dy't oer de Mûzel farden. Boppedat wurde we yn in dokumint fan 1105 oer it libben fan 'e Keulske aartsbiskop Anno II († 1075) wiis, dat de dwylsinnige paltsgreve Hindrik II op it kastiel fan Cochem syn frou fermoarde hie. Dêrmei is it wis dat it kastiel om 1100 hinne al bestien hawwe moat.

Nei't Willem fan Ballenstedt sûnder neiteam ferstoar, ûntstie der in erfkonflikt tusken Herman fan Stahleck en Otto de Jongere fan Rheineck. Kening Koenraad II fêstige syn keninklik gesach troch yn 1151 in ein oan 'e striid te meitsjen en it kastiel yn te nimmen. Sûnt waard it kastiel de sit fan it omlizzende ryksbesit en hearde Cochem ta de rykskastielen. It kastiel waard beheard troch boarchmanlju en letter ek troch ministerialen.

 
Gravuere fan Matthäus Merian (1646).

Om syn kroaning te beteljen liet kening Adolf fan Nassau it kastiel en de stêd en it omlizzende gebiet mei fyftich delsettings ferpâne oan 'e aartsbiskop fan Trier, Bohemond I fan Warnesberg. Syn opfolger, Albrecht I, koe de ferplichtings lykwols net neikomme en beneamde sadwaande as kompinsaasje de aartsbiskop fan Trier ta boarchgreve fan Cochem. It ambt waard yn 1298 troch de kening tegearre mei de winstjaande tol en it foech om rjocht te sprekken as erflik ornearre. Under it bewâld fan keizer Karel IV gie it eigendom fan it kastiel lang om let ek oer op it aartsbisdom Trier en dat soe sa bliuwe oant it Reichsdeputationshauptschluss fan 1803. Troch de tol en de ekonomyske en bestjoersrjochten wiene de troch Kar-Trier beneamde boarchgreven machtige eallju yn it Hillige Roomske Ryk. Sûnt 1419 waarden de boarchgreven ferfongen troch Trierske amtsmanlju. It kastiel waard tusken de 14e en 16e iuw foars útwreide en ferboud. By opromwurksumheden yn 'e twadde helte fan 'e 19e iuw waard ûntdutsen dat it kastiel eartiids trije tagongspoarten hie.

Ferneatiging

bewurkje seksje

Yn 'e Hollânske Kriich beskeaten Frânske troepen ûnder lieding fan Philippe-Auguste Le Hardi, Marquis de la Trousse, it kastiel yn 1673. Dêrby bleau it ynearsten, mar 15 jier letter waard it kastiel op 8 novimber 1688 troch Frânske troepen ûnder Maréchal de Boufflers nei grutte ferliezen oermastere. Nei't it jier dêrop yn maart hiel Cochem troch de Frânsen beset waard, joech de Frânske befelhawwer opdracht om it kastiel te ferneatigjen. Op 19 maaie 1689 waard it kastiel yn 'e brân stuten, ûndermine en opblaasd. Dêrmei folge de ryksboarch it lot fan in soad kastielen yn it súdwest fan Dútslân.

 
De Ryksboarch Cochem foar 1822.

Mei de Frede fan Rijswijk joech Loadewyk XIV yn 1697 it gebiet werom, mar yn 1794 besetten de Frânske revolúsjetroepen yn 'e Earste Koalysjekriich Cochem op 'e nij en as gefolch fan 'e Frede fan Lunéville waard it gebied troch Frankryk anneksearre. Nei it Kongres fan Wenen kaam Prusen yn it besit fan 'e Cochemer ruïne.

 
Ynterieur.

Op 26 septimber 1868 kocht de Berlynske yndustrieel Louis Fréderic Jacques Ravené (1823–1879) de ruïne foar in symboalysk bedrach fan 300 goudmarken. Hy wie fan doel om it kastiel as neogoatyske simmerresidinsje foar syn famylje wer op te bouwen. Op dat stuit stie fan it kastiel allinne noch de berchfrede mei dêrnjonken in rûne mei midsiuwske fresko's fersierde treptoer. Nei it tariedend wurk waard der sûnt 1689 útein set mei de bou fan ringmuorre mei kantelen. Yn 1870 waarden de fûneminten fan it midsiuwske bouwurk bleatlein. De werbou fûn fan 1874 oant 1877 plak neffens plannen fan 'e Berlynske arsjitekten Hermann Ende en Julius Carl Raschdorff op basis fan in kopergravuere fan Georg Braun en Frans Hogenberg út Civitates orbis terrarum (1571). De midsiuwske haadtoer waard ferhege mei noch in ferdjipping en mei fjouwer hoektuorkes fersierd. De heksetoer waard mei de fresko's restaurearre en krige in kegeldak. Nei it ferstjerren fan Louis Fréderic Jacques Ravené yn 1879, it jier doe't ek de kapel ynwijd waard, wurke syn soan Louis August Ravené fierder oan it kastiel. Oant 1890 gie de werbou fierder en Louis August Ravené liet it kastiel mei in grutte keunstkolleksje ynrjochtsje, dy't foar in grut part yn 'e Twadde Wrâldkriich ferlern gie.

It kastiel waard yn 1942 troch de famylje Ravené ferkocht oan 'e oerheid. Rykminister Otto Georg Thierack brûkte it gebou 1943 foar in NSDAP-oplieding foar juristen. Yn it nasjonaalsosjalistyske tiidrek waard ek it yn 1870 troch in Italjaanske keunstner makke mozayk fan 'e hillige Kristoffel fernield. Nei de Twadde Wrâldoarloch gie it kastiel oer yn hannen fan 'e nije dielsteat Rynlân-Palts en wie der in besjoersoplieding ûnderbrocht. De stêd Cochem kocht it kastiel yn 1978 foar DM 664.000.

Hjoeddeisk gebrûk

bewurkje seksje

Yn it kastiel is in museum, dat yn it ramt fan in omlieding tusken maart en novimber besocht wurde kin. Te sjen binne neorenêssânse en neobarokke romtes mei in weardefolle histoaryske ynrjochting, lykas meubilêr, kleden, skilderijen en histoaryske kachels.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: de:Reichsburg Cochem, ferzje 27 juny 2024.