Balkan

(Trochferwiisd fan Súdeast-Jeropa)

De Balkan of Balkanskiereilân foarmet it eastlikste skiereilân fan de trije grutte skiereilannen yn Europa en waard foar it earst yn 1808 sa neamd troch de Dútske geograaf August Zeune. It wurdt yn it noarden begrinze troch de rivieren Sava en Donau en yn it noardwesten troch de line Triëst - Ljubljana. It ûntlient syn namme oan in berchrige yn Bulgarije dy't troch de Turken (en no ek troch de measte oare folken, mar net troch de Bulgaren) Balkan neamd wurdt, wat Beboske Berchtme betsjut. De Bulgaren hawwe it oer it Stara Planina (Стара Планина). Mei dy oantsjutting, dy't Ald Berch betsjut, doele se allinnich op it berchtme en net op it skiereilân.

It Balkanskiereilân. De rivieren Soča, Krka, Sava en Donau foarmje de grinzen fan it gebiet
Dizze side giet oer it Balkanskiereilân. Foar oare betsjuttings, sjoch: Balkan (betsjuttingsside).