Saffig is in plak yn 'e lânkring Mayen-Koblenz yn 'e Dútske dielsteat Rynlân-Palts. It plak heart by de ferbânsgemeente Pellenz, wêrfan't Plaidt it haadplak is.

Saffig
Sesiliatsjerke.
Sesiliatsjerke.
Emblemen
Bestjoer
Lân Dútslân
dielsteat Rynlân-Palts
lânkring Mayen-Koblenz
Sifers
Ynwennertal 2.213 (31.12.2022)[1]
Oerflak 6,97 km²
Befolkingsticht. 318 ynw./km²
Hichte 130 m
Oar
Postkoade 56648
Koördinaten 50° 22' N 7° 24' E
Offisjele webside
saffig.de
Kaart
Saffig (Rynlân-Palts)
Saffig

Saffig leit yn 'e Pellenz oan 'e lofter kant fan 'e Ryn fan it Neuwieder Bekken. De Pellenz is in âld kultuerlânskip yn it easten fan 'e Eifel. Troch it plak streamt de Nette. Tichteby it swimbad mûnet yn 'e Nette de Burbach út, dy't de boarne yn it Slotpark hat.

It besjen wurdich

bewurkje seksje
  • De katolike Sesiliatsjerke is neffens in ûntwerp fan de barokke arsjitekt Balthasar Neumann (1739–1742) boud.
  • It slot fan Saffig is in lyts slot dat eartiids yn it besit wie fan it greveskaai Von der Leyen.
  • De synagoge fan Saffig is in lyts monumint út it midden fan 'e 19e iuw.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: