Sahar Hbrahim Gel
Sahar Hbrahim Gel (Jalalabad, 26 novimber 1996)[1] is in jonge Afgaanske asylsykster yn Nederlân, dy't yn 2011 útset drige te wurden. Nei't har lot rûnom yn it nijs kommen wie troch de protestaksjes dy't yn har wenplak Sint-Anne en op oare plakken opset waarden, mocht se úteinlik bliuwe.
Sahar Hbrahim Gel | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Afgaansk Nederlânsk | |
berne | 26 novimber 1996 | |
berteplak | Jalalabad (Afganistan) | |
etnisiteit | Pataansk | |
wurkpaad | ||
berop/amt | learling middelbere skoalle | |
reden bekendheid |
ferwesterske asylsykster, dy't útset drige te wurden |
De Saak-Sahar
bewurkje seksjeSahar waard yn 1996 yn 'e stêd Jalalabad berne, yn eastlik Afganistan, mar ûntflechte it lân mei har âlden doe't hja noch mar in pear jier âld wie. Omtrint 2000 frege it gesin polityk asyl oan yn Nederlân. Wylst wachte waard op 'e beslissing oer harren oanfraach, waard it gesin nei in ferbliuw yn ferskate asylsikerssintra úteinlik plak tawiisd yn it Fryske Sint-Anne.[2]
Uteinlik waard de asyloanfraach fan it gesin ôfwiisd, mar tsjin dy tiid wie it ein 2010. Sahar wie doe fjirtjin jier en siet op it Stêdlik Gymnasium yn Ljouwert. Hja waard omskreaun as "ferwesterske", spriek gjin of mar breklik Pataansk (de taal fan 'e mearderheid fan 'e Afgaanske befolking), en wie alhiel net fertroud mei de kultuer fan har lân fan oarsprong. As se weromstjoerd wurde soe nei Afganistan, soe se, neffens har pleitbesoargers, as famke yn in har frjemde kultuer en in tige drege maatskiplike sitewaasje bedarje dy't in psychososjale druk opsmite soe dy't foar har net te fernearen wie. Doe't it beslút fan 'e Ymmigraasje- en Naturalisaasjetsjinst (IND) bekend waard, waarden der protestaksjes organisearre troch Sahar har mei-learlingen yn Ljouwert en troch buertbewenners yn Sint-Anne, mei as gefolch dat har saak rûnom oandacht krige yn 'e lanlike media.[3]
Om't minister Gerd Leers fan Ymmigraasje en Asyl yn dizze saak de poat stiif hâlde woe, makken Sahar en har âlden de gong nei de rjochter. Dy bepaalde op 21 jannewaris 2011 dat de Saak-Sahar op 'e nij besjoen wurde moast, en dat it gesin Gel salang yn Nederlân bliuwe mocht. [4] De reäksje fan Leers wie earst om yn heger berop te gean,[5] mar nei't de Ried fan Steat de behanneling fan 'e saak útsteld hie, makke de minister op 8 april bekend dat Sahar en har gesin op grûn fan "nije ynformaasje" dochs in ferbliuwsfergunning krije koene.[6] Op 3 maaie ûnfong Sahar har ferbliuwsfergunning.[7]
Yn 'e Twadde Keamer koene de measte partijen har fine yn it beslút fan minister Leers. Inkeld de PVV wie der fûleindich op tsjin dat Sahar en har âldelju en broerke bliuwe mochten. Neffens Sietse Fritsma, dy't oer dizze kwestje foar de partij it wurd fierde, waard it weromkearbelied troch it beslút "gigantysk ûndermine."[8] Nei oanlieding fan dizze saak waard der in nije regeling troffen, ûnder de regels wêrfan't ferwesterske famkes lykas Sahar automatysk in ferbliuwsfergunning krije koene.[9] Neffens it frouljusblêd Opzij befûnen har yn Nederlân yn 2011 400 famkes yn inseldichste sitewaasje as Sahar.[10]