Samuel Azarja Rudelsheim
Samuel Azarja Rudelsheim (Leeds, 19 juny 1869 - Ljouwert, 13 novimber 1918) wie fan 1900 oant 1918 opperrabbyn fan it ressort Fryslân.
Libben en wurk
bewurkje seksjeRudelsheim waard berne yn Leeds, Ingelân en wie foar't er nei Ljouwert kaam learaar oan in Talmoed-Toraskoalle. Op 1 july 1900 wurdt er opperrabbyn fan Fryslân.
Rudelsheim wie tsjinstanner fan kristlike sinding ûnder joaden en skreau dêr artikelen oer. Hy krewearre foar de fersprieding fan de joadske kultuer; wie bestjoerder fan de feriening 'Berieth Koudesj' en oprjochter fan de 'Centrale Organisatie' dy't ûnder oaren stichter fan de Joadske Hegere Boargerskoalle west hat.
Rudelsheim stoar yn 1918 oan de gefolgen fan de Spaanske gryp.
Wurdearring
bewurkje seksjeYn 1918 waard de nei him neamde S.A. Rudelsheimstichting oprjochte, dêr't de fersoarging fan swaksinnige joadske bern yn Nederlân it doel fan wie. It gebou fan de Rudelsheimstichting yn Hilfertsom hjitte Beth Azarja.
Rudisheim hat teffens gadingmakker foar it opperrabbinaat fan Londen west.
Publikaasjes
bewurkje seksjeIn kar:
- Onze feestdagen (1914)
- De oorlog en het jodendom (1918).
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|