Sankt Martini (Bremen)

De Sint-Martinytsjerke (Dútsk: St.Martini; Platdútsk: Sunte Marten) is in protestantske tsjerke yn de binnenstêd fan Bremen, Dútslân. De tsjerke stiet oan de Weser en heart ta de âldste tsjerken fan de stêd. De letgoatyske tsjerke hie yn 1944 slim te lijen fan de swiere bombardeminten op de stêd en waard nei de Twadde Wrâldoarloch wer opboud. Sûnt 1973 is de tsjerke in beskerme monumint.

St. Martini
bouwurk
lokaasje
lân Dútslân
plak Bremen
adres Martinikirchhof 3, 28195 Bremen
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boustyl Lette gotyk
offisjele webside
Webstee gemeente

De stifting fan de tsjerke giet werom op klachten fan de Bremer befolking dat de geastlike soarch net tarikkend wie. Dat hie benammen te krijen mei de oanlis fan de stedsmuorre tsjin it ein fan de 12e iuw. De stedsmuorre sleat in diel fan de stêd dat mear stream ôf lei út en dêrmei wie de St. Veit (Sint-Vitus) de iennige parochytsjerke yn de stêd woarn, dy't hyn ofte nei net de geastlike soarch foar de likernôch 15.000 sielen tellende befolking oan koe.

 
Plattegrûn fan Bremen (1588)

Op 31 july 1227 joech paus Gregoarius IX de Bremer aartsbiskop Gerhard II opdracht om in ein te meitsjen oan dy misstân, dat yn 1229 ta de stifting fan trije nije parochy's liede. Ien fan dy nije parochy's wie de Martinyparochy. De earste dokumintearre fermelding fan de Martinyparochie as in selsstannige parochygemeente stamt sadwaande út 1229. De tsjerke waard ferneamd nei Martinus fan Tours, dy't yn 375 biskop fan Tours en letter de nasjonale hillige fan de Franken waard.

De ynearsten bûten de muorren boude kapel moast de skippers en keaplju ek nei it sluten fan de stedspoarte (porta piscatorum; de Fiskerpoarte) yn steat stelle om nei tsjerke te gean. De Martinytsjerke hie lykwols in ûnbeskerme en fanwegen it heechwettergefaar in ûnfeilige lokaasje krige. Noch oant de 19e iuw hie de tsjerke nettsjinsteande de bou fan in wearmuorre yn 1371 oan de kant fan de rivier en regelmjittige ferheging fan de flier yn de tsjerke lêst fan oerstreamings.

Iuwenlang wie de Sint-Martinus de tsjerke fan de keaplju. Yn de folksmûle hie de tsjerke de namme Ollermannskarken, nei de foarsitters fan it gilde dy't yn de tsjerke in eigen alter hiene (Ältermann yn it Dútsk).

De earste tsjerke wie in bakstiennen trijeskippige basilika. It wie mei in lingte fan 38,60 meter en maksimale breedte fan 24,50 de lytste fan de Bremer parochytsjerken. By it romaanske ûntwerp stiene twa tuorren foar de sydskippen of ien toer foar it middenskip. Der waard lykwols mar ien toer foar it noardlike sydskip boud, nei alle gedachten fanwegen de fundearringproblematyk troch driuwsân yn de buert fan de boulokaasje. Fanwegen de boufoech tusken de toer en it noardlike skip is de toer sa't it liket pas nei de bou fan de tsjerke realisearre. De tsjerke is folslein yn de goatyske styl útfierd en hat tsjintwurdich in hichte fan 62 meter (ynklusyf de 3,5 meter hege wynwizer).

 
Plattegrûn fan de ta halletsjerke ferboude tsjerke

Yn 1384 waard de ferbouwing fan de basilyk ta in halletsjerke en in nij koer foltôge. Fanwegen de lokaasje oan de rivier moast de wetterkant by de bou fan de earste tsjerke ophege en fersterke wurde. Yn de rin fan de tiid kaam it ferskate kearen ta ynstoartingsgefaar. Hoe heech it wetter yn maart 1881 yn de tsjerke stie is te sjen yn it foarste diel fan it súdlike sydskip. Tusken 1887 en 1892 waard de Weser regulearre en dêrmei wie it probleem fan oerstreamingsgefaar ferholpen, mar it wie ûnfoldwaande foar de stabiliteit fan de op iken peallen en labile bougrûn steande tsjerke.

Yn oktober 1944 hie de letgoatyske tsjerke slim te lijen fan de nachtlike bombardeminten op de stêd. Alle dakken, hast alle krúsferwulften en de rige gevels oan de Weser leine nei it bombardemint yn pún. Ek de spits fan de toer en de klokken oerlibben de fjoerstoarm net. Allinne de bûtenmuorren bleaune stean.

De weropbou sette mei help fan de Bremer oerheid op 12 jannewaris 1952 útein. Op 17 desimber 1960 koe de tsjerke wer plechtich yn gebrûk nommen wurde. By de weropbou kamen de houten galerijen en it koerstuolte oan de noardlike kant fan de tsjerke net werom.

Ynklusyf de oanboude pastory hat de tsjerke hjoed-de-dei in lingte fan 60 meter en in breedte fan 31 meter.

 
Koer
 
It Hege Raam

In diel fan de ynrjochting fan de tsjerke bleau bewarre om't it yn de kriich op 'e tiid út de tsjerke helle en earne oars opslein wie. Dat jildt benammen ek foar it kleurrike oargelfront, de mei ryk fykwurk dekorearre preekstoel en de beide kroanluchters út de 17e iuw.

De eartiids wite ramen binne nei de weropbou troch kleurde ramen ferfongen. It Martinusraam yn it noardlike skip, de acht ramen yn it koer en it saneamde Hege Raam yn de súdlike muorre waarden troch de Bremer keunstner Elisabeth Steineke makke. De Wapenramen yn de sydskepen binne nije tafoegings fan de keunstner Werner Rohde († 1990).

Yn de tsjerke binne in tal 17e en 18e iuwske grêfmonumiinten bewarre bleaun.

It wichtichste diel fan de midsiuwske ynrjochting is de preekstoel. Neffens in âld dokumint is de yn 1597 makke "nie predichstoel" út it atelier fan de Bremer houtfiker Hermen Wulff ôfkomstich. De preekstoel waard makke yn de gouden tiid fan Bremen fan de 16e nei de 17e iuw, doe't der yn Bremen in soad tsjintwurdich noch besteande keunstwurken makke binne. De namme Hermen Wulff wurdt yn 1583 foar it earst neamd en komt yn de rekkenboeken fan it riedshûs en de Sint-Martinustsjerke yn de jierren nei dy tiid noch regelmjittich foar. De kûp fan de preekstoel is fersierd mei de kristlike deugden. By it ferwiderjen fan de talrike farvelagen is der net keazen foar in nije beskildering fan de preekstoel.

Yn 1980 krige de preekstoel by in renovaasje fan it ynterieur it hjoeddeiske plak yn it midden fan it tsjerkeskip. Ek krige de kânsel in nije trep. Fan de âlde út 1601 stammende trep binne dielen yn de slingertrep nei de oargelgalerij ferwurke. Fan de eartiids as in kroan foarme klankboerd bleau it barokke fykwurk oan de rânen fan it klankboerd bewarre.

 
Oargel

De tsjerke hat al sûnt 1563 in oargel. Yn 1603 waard it ienmanualige ynstrumint troch de út Nederlân ôfkomstige oargelbouwer Marten de Mare fernijd en mei in register fergrutte. It front foar it fernijde ynstrumint waard yn 1603-1604 makke troch Hermen Wulff mei under den Orgelwerk ein Delenbret mit lysten darunder gehangen, dar wort ein sproeck up gemakt mit gulden letteren. It oargel fan De Mare bleau net lang, want al yn 1615 krige Christian Bockelmann de opdracht om in nij oargel mei twa manualen en pedaal te bouwen. Dêrby is ek wurke oan it front, al is it net dúdlik oft it front no ferboud is of folslein ferfongen. As der nei it fykwurk oan de preekstoel sjoen wurdt is de hân fan Hermen Wulff allinnich noch by in pear figueren werom te kennen en foar it eardere ienmanualige oargel wie it hjoeddeiske front yn alle gefallen fierstente grut.

De ferneamde Hamburger oargelbouwer Arp Schnitger hat yn de jierren 1707 oant 1709 it oargel reparearre en foar in part fernijd.

It front mei de hege tuorren en de ôfwikseling yn djipte en kleuren behearskje de westlike muorre fan it ynterieur. Foarsteld wurdt de ferbining tusken it ierdske en it himelske Jeruzalim. Twa ingels en de psalmsjonger David bekroane it nei foarren springende, troch in sierlike pylder ûnderstipe rêchposityf. Dêrboppe troant de himelske stêd mei har tuorren.

It âlde oargelwurk (P. Furtwängler & Hammer, 1894) koe net útboud wurde en waard troch de gefolgen fan de bombardeminten yn 1944 folslein ferneatige. By de weropbou krige de tsjerke tsjin it ein fan de jierren 1950 in nei oargel fan Jürgen Ahrend en Gerhard Brunzema út it East-Fryske Lier. It hat trije manualen, in pedaal en 33 registers en besit in kleurrike, milde klank mei in markante basistoan en fantastyske boppetoanen en komt dêrmei tichteby it klankideaal fan de 17e en 18e iuw.

Yn de jierren 2004–2005 is it oargel renovearre en fan in Bach/Kellner-stimming foarsjoen. It is tsjintwurdich in oargel dêr't poerbêst de wurken fan Bach op spile wurde kin.

 
Sânstiennen krusigingsreliëf (1440)

Krusigingsreliëfs

bewurkje seksje

Twa goatyske krusigingsreliëfs binne te sjen yn de sydskepen en binne as kopy ek oan de bûtenkant fan de tsjerke oanbrocht. It âldere, mei in sinne en moanne oer de krusige Jezus en dêrnjonken Marije en Jehannes, waard om 1440 hinne makke. It twadde krusigingsreliëf draacht it dreech te lêzen ynskrift "Anno Domini 1474".

De âlde klokken gyngen in de kriich ferlern en binne yn 1957 ferfongen troch nije liedklokken. Dêrnjonken hat de tsjerke in karriljon. Fan de meiïnoar 19 klokken binne der 17 klokken dy't by it karriljon hearre. Twa klokken binne suvere liedklokken, mar trije klokken fan it karriljon wurde ek brûkt as liedklok.

It romaanske portaal yn de súdlike gevel toant oan de bûtenkant in timpaan út it tredde fearn fan de 13e iuw en wie oarspronklik de tagong fan de Weserkant fan de basilyk. By de lettere ferbouwing fan de tsjerke ta halletsjerke waard it portaal op 'e nij ynfoege. It timpaan toant tusken twa ingels in troanende Kristus as rjochter ûnder in baldakyn mei it iepene Boek fan it Libben yn de rjochter en in biskopsstêf in de lofter hân.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:St. Martini (Bremen)