Sargenroth is in Ortsgemeinde yn 'e Rhein-Hunsrück-Kreis yn 'e Dútske dielsteat Rynlân-Palts. It plak leit yn 'e ferbânsgemeente Simmern-Rheinböllen.

Sargenroth
Nonnetsjerke.
Nonnetsjerke.
Emblemen
Bestjoer
Lân Dútslân
dielsteat Rynlân-Palts
lânkring Rhein-Hunsrück-Kreis
Sifers
Ynwennertal 473 (31.12.2022)[1]
Oerflak 12,9 km²
Befolkingsticht. 37 ynw./km²
Hichte 410 meter boppe seenivo
Oar
Postkoade 55471, 55490 (Wildburg)
Koördinaten 49° 55' N 7° 30' E
Offisjele webside
www.sargenroth.de
Kaart
Sargenroth (Rynlân-Palts)
Sargenroth

It plak hearde yn 'e midsiuwen ta it rjochtsdistrikt fan 'e nonnetsjerke en dêrmei ta it proasdijgebiet fan it kleaster Ravengiersburg. Yn 1408 foel it kleasterbesit mei Sargenroth ta oan 'e paltsgreven en it troch har yn 1410 stifte hartochdom Simmern, dat yn 1566 de reformaasje ynfierde. Yn 1673 waard it plak wer by Kar-Palts foege. Mei de besetting fan 'e lofter kant fan 'e Ryn troch Frânske revolúsjetroepen waard it plak Frânsk en sûnt 1815 waard it plak nei it Kongres fan Wenen Prusysk. Nei de Earste Wrâldkriich waard it wer foar in skoft troch Frânsen beset. Sûnt 1946 foarmet Sargenroth ûnderdiel fan 'e doe nij stifte dielsteat Rynlân-Palts.

It besjen wurdich

bewurkje seksje
 
Rochusfjild mei orchideën.
  • De histoaryske nonnetsjerke is hjoed-de-dei de protestantske tsjerke. De toer en dielen fan it skip binne 12e iuwsk en yn 'e tsjerke binne weardefolle muorreskilderingen te sjen. De tsjerke waard yn 1745 langer makke en ferboud. By de tsjerke steane op it hôf in tal monumintale beammen.
  • Eastlik fan de tsjerke stiet de 18 meter hege Bismarcktoer, dy't op 31 augustus 1902 iepene waard.
  • It Rochusfjild tusken de tsjerke en de Bismarcktoer is in lyts natoergebiet, dêr't it yn juny optilt fan 'e orchideeën.
  • Bûten it doarp stiet yn it súdeastlike doarpsgebiet op de Wildburghöhe de ruïne fan 'e Wildburg. Fan it eardere kastiel fan 'e hearen fan Wiltburg is net in soad oer. De ruïne bestiet út in ovaal fan 100 by 140 m en wurdt omfieme troch in grêft. Yn 'e midden fan 'e ruïne leit in rotseftige berchkaam, dy't it kastiel yn twa helten opdielde en beboud wie. Dat is it heechste diel fan it kastiel, dêr de ruïne fan in toer stiet.

Op it Rochusfjild wurdt alle jierren yn septimber de tradisjonele Nunkircher Markt holden.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: