Sasha Alexander
Sasha Alexander (echte namme: Suzana S. Drobnjaković, Servysk: Сузана С. Дробњаковић; Los Angeles (Kalifornje), 17 maaie 1973), is in Amerikaansk aktrise en filmprodusinte fan mingd Servysk-Italjaansk etnysk komôf. Hja hie ien fan har earste rollen yn 'e jongereinsoapsearje Dawson's Creek, en briek yn 2003 troch mei de detektiverige NCIS. Sûnt 2010 fertolket se ien fan 'e haadrollen yn 'e plysjesearje Rizzoli & Isles. Sasha Alexander moat net betize wurde mei de Dútske pornoprodusint Sascha Alexander.
Sasha Alexander | ||
akteur | ||
Sasha Alexander yn 2012. | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Suzana S. Drobnjaković | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 17 maaie 1973 | |
berteplak | Los Angeles (Kalifornje) | |
etnisiteit | Servysk Italjaansk | |
jierren aktyf | 1997 – no | |
offisjele webside | ||
gjint |
- Dizze side giet oer de Amerikaanske aktrise. Foar de Dútske pornoprodusint, sjoch: Sascha Alexander.
Libben
bewurkje seksjeJonkheid en oplieding
bewurkje seksjeAlexander waard yn 1973 yn it Kalifornyske Los Angeles berne as Suzana S. Drobnjaković. Se hat in Servyske mem en in Italjaanske heit. Op 'e legere skoalle sette se útein mei te aktearjen yn ferskate skoaltoanielopfierings, en dêrnjonken die se ek oan keunstriden, mar dêr moast se mei ophâlde fanwegen in knibbelblessuere. Op 'e middelbere skoalle en oan 'e universiteit gie Alexander troch mei aktearjen, en nei't se slagge wie foar in oplieding oan 'e Skoalle fan Sinema-Tillefyzje fan 'e Universiteit fan Súdlik Kalifornje, ferfear se nei New York om in toanielkarriêre nei te stribjen.
Aktearkarriêre
bewurkje seksjeAlexander spile yn 't earstoan fral toaniel, û.m. op Shakespeare-festivals, mar al rillegau begûn se har mear ta te lizzen op tillefyzje. Se hie ferskate lytse roltsjes foar't se yn 2000 en 2001 in weromkearende rol wist te bemachtigjen yn 'e jongereinsoapsearje Dawson's Creek, as Gretchen Witter, de suster fan ien fan 'e haadpersonaazjes, Pacey Witter. Nei in hiele rist mindere roltsjes briek Alexander yn 2003 troch mei har rol fan spesjaal aginte Kate Todd, yn 'e populêre detektiverige NCIS. Har belutsenens by dy searje kaam lykwols in ein oan doe't har personaazje yn 'e lêste ôflevering fan it twadde seizoen deasketten waard troch terroristen. De offisjele útlis fan 'e makkers fan 'e searje wie dat Alexander frege hie om fan har kontraktuële ferplichtings "ûntslein te wurden sadat se oare kânsen neistribje koe." Yn acht nommen dat Alexander neitiid earst net folle oar wurk hie, liket it der sterk op dat de brek te krijen hie mei swierrichheden op it ynterpersoanlike flak. Mar hoe dan ek, Alexander ferskynde troch de jierren hinne noch ferskate kearen yn in lyts gastroltsje yn NCIS. Har plak yn 'e rige waard neitiid ynnommen troch Sileenske aktrise Cote de Pablo.
Tusken 2005 en 2010 hie Alexander in pear gastrollen yn tillefyzjesearjes, wêrûnder de populêre sikehûsrige House, en fierders spile se yn in njoggental films, lykas Mission: Impossible III (2006), The Last Lullaby (2008) en He's Just Not That into You (2009). Yn 2010 bemachtige hja ien fan 'e haadrollen yn 'e populêre plysjerige Rizzoli & Isles, as de eksintrike patolooch-anatoom dokter Maura Isles. Har tsjinspylster is Angie Harmon as de tapakkerige plysjeresjersjeur Jane Rizzoli. Dy searje rint noch altyd.
Priveelibben
bewurkje seksjeAlexander har earste houlik mei in Luka Pecel is annulearre wurden. Op 11 augustus 2007 troude se mei de Italjaanske regisseur Edoardo Ponti, de soan fan aktrise Sophia Loren en filmregisseur Carlo Ponti. De brulloft waard holden yn it Switserske Sjenêve. Alexander en Ponti hawwe twa bern, Lucia Sofia (2006) en Leonardo Fortunato (2010). Alexander har bêste kammeraatske is de aktrise Jessica Capshaw, bekend fan har rol yn 'e soapsearje Grey's Anatomy. Allebeide krigen se ferskate kearen te hearren dat se sa opinoar lieken, en úteinlik briek dat gegeven it iis doe't se inoar ris troffen op in audysje. It petear dat doe ûntstie, wie it begjin fan in hechte freonskip.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|