Savva Tsjevakinski

Savva Ivanovitsj Tsjevakinski (Russysk: Са́вва Ива́нович Чева́кинский; berne yn 1713 yn Vezjki yn 'e omkriten fan Torzjok; ferstoarn yn 1779 yn Sint-Petersburch) wie in Russyske arsjitekt en wichtich fertsjintwurdiger fan 'e Elisabeth-barok.

Savva Ivanovitsj Tsjevakinski.

Tsjevakinski stamde út in aadlik laach en waard yn 1729 talitten op 'e Marine-Akademy fan Sint-Petersburch. Yn 1734 ferliet er de oplieding en waard er lid fan it Ismailovski liifgarde-rezjimint. Hy krige lykwols op oanwizing fan it kollegium fan 'e Admiraliteit dien, om 't er sûnder tastimming de Akademy ferlitten hie. Dêrnei gie er yn 'e lear by de arsjitekt Ivan Korobov, dêr't er sân jier bleau. Op eigen manneboet boude er in hûs oan 'e Galernastrjitte 58 yn Sint Petersburch.

Yn 1739 begûn Tsjevakinski foar himsels. Tusken 1741 en 1767 wurke er as haadarsjitekt fan 'e Admiraliteit. Fan 1745 oant 1760 wie er arsjitekt yn Tsarskoje Selo en hied er tafersjocht op 'e werbou fan it Katarinapaleis en it omlizzende park. Yn dy tiid kaam er ek yn 'e kunde mei Francesco Rastrelli, dy't dêr ek wurke.

As haadarsjitekt fan 'e marine boude Tsjevakinski op it eilân Nij-Hollân houthallen foar de skipsbou en ûntwurp er it plan foar de havenstêd Kronstadt. Yn Sint-Petersburch boude er tusken 1753 en 1762 de Marinekatedraal en tusken 1756 en 1758 de frijsteande klokketoer dêrfan. Foar greve Ivan Sjûvalov boude er tusken 1749 en 1756 in paleis en tusken 1750 en 1755 tegearre mei Fjodor Argûnov foar greve Pjotr Sjeremetev it paleis oan 'e Fontanka. It foar greve Pjotr Sjeremetev boude hûs oan 'e Millionnaja-strjitte is net bewarre bleaun..

Tusken 1755 en 1758 wie Tsjevakinski ek arsjitekt fan 'e Akademy fan Wittenskippen yn Sint-Petersburch. By him studearren Vasili Bazjenov en Ivan Starov. Tsjevakinski restaurearre de troch in brân skansearre toer fan 'e Sint-Petersburger Keunstkeamer. Njonken grutte bouwurken yn Sint-Petersburch en Tsarskoje Selo boude er tusken 1764 en 1767 ek tsjerken yn 'e provinsje; lykas de tsjerke op it lângoed fan Trûbetskoi yn Dylitsy (Tillitsa) yn it Gattsjinski rajon en de Michaeltsjerke fan it keizerlike hôf yn it doarpke Chotilovo by Bologoje.

Mei't him it tiidrek fan it klassisisme oantsjinne, naam Tsjevakinski yn 1767 ûntslach en gie er nei syn lângoed mei pensjoen. Dêrnei is fierder neat mear fan him fernommen. Tsjevakinski ferstoar yn 1779 en waard begroeven yn it famyljegrêf by de Smolensktsjerke fan it doarpke Vydropûzjsk by Sirovo yn 'e oblast Tver, dy't er sels boud hie.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Sawwa Iwanowitsch Tschewakinski