Scheltemastins

(Trochferwiisd fan Scheltema Stins)

Scheltemastins wie in stins dy't by Boatebuorren yn Ferwert stie. By it terrein stiet in pleats. It diels noch troch in ‘grêft’ omsluten terrein njonken de pleats oan de Vogelzangsterwei fertoant nijsgjirrige ûneffenheden.

Scheltema
Hjoeddeiske pleats

Dizze stins en letter state sil mooglik fan foar 1200 wêze om't de stins fan dowestien boud wie. De namme Scheltema komt yn Ferwert yn 1418 foar: Thiabbeka en Siwrt Sceltemma besegelen doe in stik fan de rjochters fan Ferwerderadiel oer de jierrenlang slepende kwestje tusken de Roorda's fan Ginnum en de Eminga's fan Stiens. Sûnt healwei de 15e iuw is de genealogy fan de Ferwerter Scheltema's dúdlik. Schelte Scheltema troude doe mei Beits Bolta, de widdo fan âlde Syurd Aebingha fan Blije. De neikommende eigener wie harren soan Sibet Scheltema. Dy troude yn syn twadde houlik mei Frouck Remmersma, de widdo Sipcke Heemstra. Troch dat houlik kamen de stinzen Heemstra te Moarre en Remmersmahûs te Dokkum oan de Scheltema's. Sibet Scheltema, dy't yn 1495 âlderman fan Dokkum wie, spile polityk en militêr yn de partijskelen oan de ein fan de 15e iuw in rol.

Yn 1511 wurdt Sibet's widdo Frouck Remmersma as eigeneresse neamd; yn 1540 wie har soan Schelte Scheltema eigener. Schelte syn soan Syds Scheltema erfde de stins, mar wenne dêr net. Mei syn frou Tiemck Aylva wenne hy nammentlik op Aylva of Minnoltsma yn Boarnwert. Yn 1611 ferkocht er de stins by syn state foar ôfbraak, sadat de frijkomde grûn brûkt wurde koe foar de lânbou. Opmerklik is dat by dy gelegenheid ek dy dowestien fan "seeckere stins staende toe Ferwert op Scheltema State ende grondt, ... boven die aerde ende in't fundament" - dus dowestien - neamd waard. As dy stien dêr earder brûkt wie, soe dat betsjutte dat de Scheltemastins al foar 1200 boud wie. Yn harren testamint fan 1611 bepaalden Syds en Tiemck dat Scheltemastate op "geen vroupersonen sullen erven soe langhe daer wettelycke descendente manlycke erffgenamen zyn". Yn 1640 wie harren soan Frâns fan Scheltema eigener fan Scheltema. De pleats wie doe ferhierd.

It stinzeterrein leit op de hoeke fan de Vogelzangsterwei en de Foarstrjitte, ticht by it doarp Blije. Nettsjinsteande de ôfbraak fan de stins yn 1611 waard it goed yn 1622 en 1664 noch as aadlike stins oanjûn, yn 1718 wie dat al in gewoane pleats binnen romme singels. Tusken de jierren 1778-1798 waard de pleats ôfbrutsen. Fuort noardwest fan it stinzeterrein waard yn 1872 de hjoeddeiske pleats fan de famylje Boersma boud. Oan de eastrâne fan de lokaasje fan de eardere stins waarden yn de 19e iuw huzen boud. De streek waard bekend as de buorskip Boatebuorren, dy't ferneamd is nei de 18e iuwske eigner Boate Hendriks.

  • 1418 Thiabbeka en/of Siwrt Sceltemma ?
  • Schelte Scheltema
  • 1495 Sibet Scheltema en Frouck Remmersma
  • 1511 Frouck Remmersma
  • 1540 Schelte Scheltema
  • 1611 Syds Scheltema
  • 1640 Frâns fan Scheltema
  • 1832 Ulbe Annes Noordenbos
  • fam. Boersma

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: