Schlangenbad is in gemeente en kuerplak yn it Taunusberchtme yn 'e Rheingau-Taunus-Kreis yn 'e Dútske dielsteat Hessen. Schlangenbad grinzget oan Wiesbaden, de haadstêd fan 'e dielsteat. De namme fan it plak is ôflaat fan 'e eskulaapslange, in slange dy't foarkomt yn it mediterane gebiet, mar tanksij it lokaal geunstige klimaat foar it reptyl bestiet der ek in populaasje yn 'e kontreien fan Schlangenbad.

Schlangenbad
Hotel 'Russischer Hof'.
Hotel 'Russischer Hof'.
Emblemen
Bestjoer
Lân Dútslân
dielsteat Hessen
lânkring Rheingau-Taunus-Kreis
Sifers
Ynwennertal 6.417 (31.12.2023)[1]
Oerflak 36,51 km²
Befolkingsticht. 176 ynw./km²
Hichte 320 m boppe seenivo
Oar
Postkoade 65388
Koördinaten 50° 5' N 8° 6' E
Offisjele webside
www.schlangenbad.de
Kaart
Schlangenbad (Hessen)
Schlangenbad

Gemeenteyndieling

bewurkje seksje

Schlangenbad is it belangrykste plak fan 'e gemeente. It kuerplak leit op in hichte fan 320 meter boppe seenivo yn in delte fan 'e boskrike Hege Taunus dêr't de Warme Bach yn 'e Walluf mûnet. It plak leit 12 kilometer fan Wiesbaden, 7 kilometer fan Eltville am Rhein en 7 kilometer fan Bad Schwalbach.

Oare plakken binne:

  • Niedergladbach
  • Obergladbach
  • Hausen vor der Höhe
  • Bährstadt
  • Wambach
  • Georgenborn

It heechste punt fan 'e gemeente leit oan 'e westlike helling fan 'e Hohen Wurzel op 544 meter.

 
Schlangenbad.

Schlangenbad waard yn it jier 1694 as kuerplak boppe de mûning fan 'e Warme Bach oanlein. Yn 1818 waard de delsetting in gemeente. Georgenborn waard op 1 april 1939 in Ortsteil fan 'e gemeente Schlangenbad. Op 31 desimber 1971 folge de eardere gemeente Wambach en op 1 july 1972 de gemeenten Bärstadt, Hausen vor der Höhe, Niedergladbach en Obergladbach.

De waarme boarnen fan Schlangenbad waarden yn 'e midden fan 'e 17e iuw ûntdutsen. Nei in publikaasje fan Francis Bond Head (Bubbles from the Brunnens of Nassau) yn 1834 waarden de Taunus-baden populêr under Britten. It tal Frânske gasten wie in skoft heech nei't ek de Frânske keizerinne Eugénie it kuerplak ferskate kearen besocht. Dútske aristokraten mochten graach yn Schlangenbad wêze om't hja dêr gewoan ûnbehindere kuere koene.

Hjoed-de-dei binne der meiïnoar njoggen boarnen frijmakke, dy't mei temperatueren tusken 21 en 32 graden selsius op 'e súdlike helling fan 'e Bärstädter Kopf ûntspringe. Yn Schlangenbad wurde reumatyske en oare ûnstekkingssyktes behannele.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Literatur en Einzelnachweise, op dizze side.