Schoonoord (Alverna)

De Schoonoord is in rûne stienen bultmûne yn Alverna yn de provinsje Gelderlân. De mûne waard yn 1887 boud en hat in flecht fan 24,40 meter.

Schoonoord
bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Gelderlân
plak Alverna
adres Valendrieseweg 295
bysûnderheden
type bouwurk Nôtmûne
boujier 1887
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 39639 [1]

De mûne stiet op it plak fan in standermûne dy't troch brân ferneatige waard en is oarspronklik út Zieuwent ôfkomstich.[2] Ek de hjoeddeiske bultmûne waard twaris troch brân skansearre, nammentlik yn 1890 en 1941.

Yn de Twadde Wrâldkriich waard de mûne brûkt om boadskippen oan it ferset troch te jaan.

Restauraasjes fûnen plak yn 1965 en 1987. Alhoewol't de mûne net mear wurke, bleau de mûne draaifeardich.

Yn 2003 ûnstie der brân yn in oanbuorjend autobedriuw. De skea dy't doe oan de mûne ûntstie waard yn 2005-2006 wer yn oarder makke. Sûnt dy tiid draait de mûne ek út en troch. It binnenwurk út 1887 is noch oanwêzich en it is noch jimmeroan mooglik om mei de mûne te meallen.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: