Alverna
Himrik fan Alverna
Provinsje Gelderlân
Gemeente Wijchen
Ynwenners (2020) 2.590 [1]
Koördinaten 51°48'12"N 5°45'30"E
Netnûmer 024
Postkoade 6603
Webstee

Alverna is in doarp yn de Gelderske gemeente Wijchen tusken Grave en Nijmegen. It doarp is ferneamd nei La Verna, de berch yn Toskane dêr't Sint-Fransiskus op 17 septimber 1224 de stigmata krige.

Lokaasje Alverna yn de gemeente Wijchen
 
It yn 1980/1981 ôfbrutsen Fransiskaanske kleaster fan Alverna.

Alverna ûntstie mei de bou fan in grut Fransiskaansk kleaster tusken 1886 en 1889 oan de provinsjale wei tusken Nijmegen en Grave. Om it kleaster hinne ûnstie stadichoan in buorskip mei in eigen parochy, fuotbalklub en ôffurdiging yn de gemeenteried fan Wijchen.

Yn 1962 hie it doarp likernôch trijtûzen ynwenners. It neogoatyske kleaster waard yn 1980 sletten en de lêste 30 Fransiskanen ferhûzen nei de nijbou fan it oan de Leemweg boude âldereinshûs La Verna, dat op 17 oktober fan dat jier iepene wie. Dêrnei waard it kleaster mei de monumintale tsjerke ôfbrutsen; fan de tsjerke bleau foar it doarp allinne de krusingstoer bewarre.

De mûne Schoonoord fan it doarp datearret fan 1887. De namme fan de mûne hat nei alle gedachten te meitsjen mei it katolike karakter fan it doarp. Nei in brân yn in oanbuorjend autobedriuw waard de mûne restaurearre en krige de mûne it wjuksysteem fan Van Bussel werom. Skean foar de mûne oer stiet in ienfâldich monumint dat de wettersneed fan 1926 betinkt, doe't de Maas oerstreamde en oant it súdlike diel fan it doarpssintrum kaam.

It doarp hat troch it ferbreedzjen fan de rykswei ta in fjouwerbaanske autowei en it ferlies fan de monumintale kleastertsjerke en oare gebouwen in soad fan it oarspronklike karakter ferlern.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: